4Mededelingen. Punt 2. De hear Van der Baan fynt dat de útspraak posityf beoardiele wurde kin, no't it beslút ta nammeferoaring net oanfochten wurdt troch de rjochter. Oan'e oare kant fynt hy noch altiten dat de P.T.T. oan in demo- kratysk nommen beslút meiwurkje moatte soe. Hy freget him dan ek ôf yn hoefiere it it ûndergraven fan de rjochtsteat is as de P.T.T. hjir net oan foldocht. Punt 3. De voorzitter zegt dat de provincie inmiddels een commissie heeft ingesteld. De hear Van der Baan fynt it antwurd fan Deputearre Steaten in bytsje teloarstellend. Der sprekt in fertragingstaktyk út it brief omt in petear dat der komme soe oer de notysje oangeande de problematyk fan'e gaswinning in moanne opskood is. De provin- sje hat gjin antwurd jûn op de fraach nei de resinte mjit- gegevens. De ûntjouwing is yn safiere geunstich dat de problema tyk fan Grinslân en Fryslân loskeppele is. Hy jout it kolleezje mei dat de problematyk yn ús gebiet ek loskeppele wurde moat fan dy fan'e Burgumermar. It docht nammentlik bliken dat de kom- presjeskeagefallen dy't yn'e lytse gasfjilden plakfine, sa as dy yn ús gemeente, in folslein oare en gefaarlike sitewaasje foar skea opleverje. Dat ûnder druk fan'e wurkgroep de provinsje as sis mar de oalje- maatskippijen no sakkings yn it pleistoceen tajouwe is tige opfallend. Dochs sille de oant no ta twifeleftige, troch de oaljemaatskippijen komponearre, rapporten fan'e provinsje no en yn'e takomst sadanich wurde dat it útbeteljen fan skeaklaims sa folie mooglik te foaren kommen wurdt. Hy bliuwt fan betinken dat troch de provinsjepolityk te folgjen de gemeente syn eigen ûnôfhinklikens oan'e kant set en him eins ek mei hânnen en fuotten oan'e oaljemaatskippijen bynt. Hy freget yn hoefiere it kolleezje belutsen is by it ûndersyk. De voorzitter zegt dat de gemeente geen vertegenwoordiger in de commissie heeft. Wel is er overleg met de waterschappen en de V.F.G. Langs die weg zijn de lokale bestuursorganen er bij betrokken. Hij wil er wel naar informeren hoe onze betrokkenheid tot gel ding kan komen. De hear Van der Baan wol graach dat de fraach nei de nijste mjitgegevens herhelle wurdt. Wethâlder Breeuwsma seit dat der besocht wurdt in ûnôfhinklike kommisje gear te stallen troch fertsjintwurdigers út'e ferskil- lende organen oan te wizen. It ministearje fan ekonomyske saken betellet de kosten. Hysels sit ek yn de kommisje as fertsjintwurdiger fan it wetterskip út dit gebied. De provinsje hat, tinkt him, aardich selektyf socht nei fer tsjintwurdigers út gebieten dêr't in protte problemen ferwachte wurde. Hy hat wol betrouwen yn dizze opset en hy is it dêrom net mei de hear Van der Baan iens dy't suggerearre hat dat de oal je maatskippijen der tuskenyn sitte. 0070V 1 - 2 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 4