- 6 - As leste is ôfpraat dat der mear besinningsmominten ynlast wurde as dat nedich wêze mocht. It is net foar neat dat de leste tiid yngri pende maatregels nommen binne. Dy begjinne no troch te wurkjen en de risseltaten binne mei ferantwurdlik foar de bettere finansjele posysje fan hjoeddedei. It ûndersyk kostet yndied in behoarlik bedrach mar it kolleezje tinkt dat dat it wol wurdich is. Dat de ynformaasje nei de ried summier west hat hat der mei te meitsjen dat it kolleezje yn drok oerlis wie mei M.Z.C. en G.0. en wachtsje woe op'e útslach fan dy diskusje. Hoe't it yn'e takomst komt dat is ien fan'e earste opdrachten oan buro Vos om mei elkoar prosedueres of te praten. Der moat in ynfolling komme fan'e begeliedingsgroep, it klankboerd en der moat ôfpraat wurde hoe't de weromkeppeling nei M.Z.C.G.0. en ried regele wurde sil. It is de yntinsje fan it kolleezje de ried oeral safolle mooglik by te belûken. It kolleezje hat binnen M.Z.C. en G.0. ferskate lûden heard oer buro Vos. Der binne twifels oer de ûnôfhinklikens fan it buro. Vos hat de leste oardel jier in pear kear op it gemeentekantoar west foar stipe oan it M.T., in pear petearen mei it kolleezje en in kursus oan haden fan'e ôfdielings. Se fynt dat dit net meiwage hoecht yn'e beoardieling oft Vos al as net ûnôfhinlik is. It kolleezje kiest foar it buro Vos omt it betrouwen hat yn syn oanpak. Fral dit soarte ûndersyk, omt der net alline in diagnoaze steld wurdt mar der diedwurklik meiwurke wurd oan it oplossen fan knyppunten. Mevrouw Aukes vindt dat het college zich te gemakkelijk ver schuilt achter de herindeling en de financiën. Juist in een periode dat het moeilijk gaat is een stuk motivatie en arbeids vreugde vereist en dan komt het op stuurmanskunst aan. Zij heeft gevraagd naar een concrete formulering van de ver anderde opdracht aan het bureau Vos. De huidige offerte is nu niet meer actueel. Misschien gaat het onderzoek wel langer duren of meer kosten door die verandering in de doestellingen. Zij wil daar graag iets concreets/ een schriftelijke vastlegging tegen over zien staan. Wethâlder Faber seit dat nei dit beslút allerearst kontakt socht wurde sil mei it buro Vos om alles wer goed troch te praten. Konkreet/ de finansjele doelstelling dy't no bysteld is, fer- oaret ynhâldlik neat oan it ûndersyk. Foar oare ûnderdielen hawwe de petearen mei M.Z.C. en G.0. foar in ferdúdliking soarge. Yn it antwurd nei it M.Z.C. binne de feroaringen oanjûn. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform besloten. 7Voorstel tot het verlengen van de verordening tot beperking ver strekking alcoholhoudende drank. De hear Bethlehem seit dat it beslut ta ferlinging fan 17 maaie 1988 nommen is omt we yn ôfwachting wiene fan de alkoholnota fan it regear. Dat kerwei hat it regear ek al net ôfmakke. Syn fraksje bliuwt lykwols noch wachtsjen op'e nota en soe dêrom net ta ferlinging foar unbepaalde tiid beslute wolle mar, yn ôfwachting fan de alkoholnota fan it regear om der dan ús eigen oardering oan te hifkjen. 0072V 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 8