- 9 - 4.6. Investeringen materieel openbare werken. VRAAG V.V.D. Meerjarenraming 1990materieel openbare werken 70.000, Aan welke nieuwe investeringen wordt hierbij gedacht. ANTWOORD Er worden geen nieuwe investeringen gedaan, maar uitsluitend ver- vangingsinvestesteringen met als uitgangspunt het meerjarig ver vangingsprogramma van het materieel, zoals dat in de eerste afdeling aan de orde is geweest. Het vervangingsprogramma is voor u opnieuw bij de stukken ter inzage gelegd. 4.7. Handikaptenbelied. FRAACH F.N.P. By de Memoarje fan Antwurd 1989 (fraach 49, punt 1) hawwe jim tasein dat der by wurken rekken halden wurde soe mei handikapten yn it folkshúsfëstingsbelied en by it ûnderhâld fan trottoirs. By de rekonstruksje fan de Grousterdyk yn Jirnsum is mei handikapten gjin rekken halden, alteast yn de útwurking foldocht de oanlis net oan de meast foar de hân lizzende easken. Om hokker reden wurdt jim belied net útfierd, sa't jim dat wolle. Is it kolleezje ree om in saneamd ynklusyf handikaptenbelied te fieren, sadat yn 'e takomst de easken oan elts dúdlik binne. ANTWURD Utfiering fan wurken bliuwt (gelokkich) minskenwurk. Der bart dan ek wol ris wat dat net giet sa't it gean moast. Trochstrings wurdt dat dan ek wol wer yn oarder makke. Sa ek yn Jirnsum oan de Grousterdyk. It is lykwols spitich dat it fuotpaad oan de súdkant sa'n brutsene boel wurden is, om't it net mooglik wie om op ridlike basis in strypke grûn fan it oanswettende kampke lân oan te keapjen. Dêrtroch kin it middelste stik fan it fuotpaad net oanlein wurde en moast der yn 'e berm fan 'e Mûzel in tydlik en provisoarysk paadsje makke wurde. Fierders kinne wy oer it generaal ferwize nei it andert dat wy yn de Memoarje fan Antwurd by de begrutting 1989 jûn ha (fraach 29.6). Wy sitearjes "Der soe eins sa'n belied komme moatte, mar omdat wy de minsken om dat op te skriuwen en út te fieren brek binne, binne wy der noch net oan ta kaam. In kwestje fan jild en prioariteiten dus. Dit stiet lykwols ús stribjen nei in handikapten-freonlike utfiering fan gemeentlike ynisjativen net yn 'e wei, bygelyks yn it folkshús- festingsbelied en by it ûnderhâld fan trottoirs." 0486R 11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 12