- 15 - 6. WOLWEZEN. 6.1. Propaganda iepenbier ûnderwiis. FRAACH F.N.P. Yn hoefier is it in gemeentlike taak om propaganda te meitsjen foar it iepenbier ûnderwiis. Is it kolleezje net mei ús fan betinken dat der wol foar soarge wurde moat dat der goed ûnderwiis op de iepenbiere skoallen jûn wurdt mar dat propaganda no net fuortendaliks in gemeentlike taak is. ANTWURD Wy steane op it stânpunt dat it meitsjen fan propaganda foar it iepenbier ûnderwiis gjin taak is fan de gemeente, om't de taak fan de gemeente op it mêd fan it ûnderwiis fierder giet as allinnich dat fan skoalbestjoerWy binne fan betinken dat der op it mêd fan foar- ljochting wol in taak leit. Op hokker wize der stâl oan jûn wurde kin, dêr beriede wy ús op dit stuit oer. Goed ûnderwiis op iepen biere skoallen fine wy tige wichtich en dêr steane wy ek noed foar. Foarljochting is ien fan de ynstruminten. 6.2. B.B.1. FRAACH As it opstellen fan it B.B.I. kompjûterprogramma, werom wisten gongen mei it B.B.I. P.v.d.A. ôfhinget (sjoch ûnderwiis) fan in wy dat dan net doe11 wy akkoard ANTWURD Achterêf besjoen wie de kar foar it haadstik Underwiis foar it B.B.I.-ekspiriment net goed. Wy hiene dat earder betinke moatten. Probleem by "Underwiis" wie en is net it missen fan in kompjûter- programma (dat is te keap), mar it net beskikken oer in systematysk ynsjoch yn de ûnderhâldstastân fan de gebouwen. Om dêroer beskikke te kinnen sille prioariteiten steld wurde moatte yn de ynset fan de beskikbere meiwurkers. Ek op oare ûnderdielen fan de underwiis- begrutting is it útraffeljen fan de sifers en in op 'e nij groepearjen ta in beliedsmjittich stjoeringsynstrumint net ien- fêldich. Underwiis mei dan in see oan detail-gegevens opleverje, it oarderjen fan dy gegevens is dreger as wy tochten. Wy hawwe ús der op fersjoen. It hie faaks better west en hie in oar ûnderdiel fan de gemeentebegrutting as ekspiriment útkeazen. Wy komme hjir meikoarten op werom. B.B.I. as sadanich sil nei alle gedachten by it kommende ûndersyk nei it wurkjen fan bestjoer en amtlike organisaasje ("heroriën teringsonder zoek") wer oan 'e oarder komme. 6.3. Reservearien Londo-utkearincr. FRAACH P.v.d.A. Op side 15 fan it beskriuwingsbrief stiet: "It bedrach dat neffens de "minimale" Londonoarm reservearre wurde moat leit 112.000,per jier leger as wy dogge." Wy nimme oan dat it kolleezje bedoelt dat hjir "heger" stean moat. 0486R

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 18