- 17 - Het onderhoud is reeds beperkt, zowel technisch als preventief. In goed overleg met de scholen is het gebruik ons inziens al vol doende beperkt. De meeste scholen maken dan ook geen gebruik van gesloten lokalen. Het in de aanbiedingsbrief opgenomen bedrag van circa 80.000,is in deze enigszins misleidend. Enerzijds betreft dit bedrag tevens achterstallig onderhoud en een andere opzet van de loonkostenver deling, anderzijds moet het bedrag ook nog eens worden gecorrigeerd met een bedrag van circa 30.000,in verband met een te hoge toe rekening van mensuren aan het onderhoud van de scholen. Deze correc tie is om administratieve redenen nog niet verwerkt in de begroting. 6.7. Frysk yn it basisûnderwiis FRAACH F.N.P. Foar it fak Frysk wurdt op 'e skoallen gjin apart bedrach útkeard. Op guon skoallen wurdt foar it Frysk gjin jild frijmakke foar les materiaal Om it Frysk in better plak te jaan soe in positieve diskriminaasje tapast wurde kinne om dy efterstânsposysje op te heffen. Is it kolleezje ree om soks ta te passen troch foar it Frysk les materiaal in apart, ekstra bedrach ta te kennen. ANTWURD Wy witte it noch net. Wy binne lykwols ree om hjir nei te sjen en hawwe de Kommisje Underwiisbeliedsplan om advys freegje. De ried moat him wol realisearjeh dat wy foar it ûnderwiislearpakket op dit stuit al minder útjouwe as de ryksfergoeding en dat elke sint ekstra foar it Frysk ten koste giet fan de oare fak- en kennisgebieten. In saak fan kieze$ dus. 6.8. Frysk yn it fuortset ûnderwiis. FRAACH F.N.P. It kolleezje wol dat it hjoeddeiske oanbod fan foarsjennings yn stân bliuwt. Soe it net in goede saak wêze om it Frysk yn dat pakket fan fuortset ûnderwiis op te nimmen om in bettere "konkurrinsje"-posysje te befoarderjen en in ekstra argumint foar it yn stân hâlden fan dy skoalle oan te leverjen. ANTWURD Yn oerlis mei de behearskommisje fan de skoallemienskip "Mid-Frys- lân" yn Akkrum ha wy de ôfrûne simmer de stjoergroep "ûndersyk fúzjemooglikheden fuortset ûnderwiis Boarnsterhim" gearstald, soks mei it each op it yn stân hâlden fan it fuortset ûnderwiis yn ús gemeente. Yn dat ferbân giet it benammen ek om de konkurrinsje- posysje fan dat ûnderwiis. Yn dat ramt sil ek omtinken jûn wurde moatte oan it Frysk. Wy sille de stjoergroep der op wize. As kolleezje sykje wy nei in evenwichtich fakkenpakket. Oerwagings fan konkurrinsje meie derby in rol spylje, mar binne net trochslachjouwend. It kritearium fan in "evenwichtich fakkenpakket" bepaalt foar ús ek it plak fan it fak Frysk. Foar sa fier 't dit fak in bydrage betsjutte kin oan dit kritearium steane wy dêr posityf foar oer. 0486R

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 20