-13- Oant no ta wie der gjin plak foar. Hy hat in artikel lezen oer de rykdom fan meartaligens. Dizze rykdom hâldt folslein gjin behmdering foar de bern yn, sa't faak tocht wurdt. It tsjinnet krekt it mtellekt. Dochs stiet it frysk net yn'e lestabellen en hy freget him of werom net. Besteane der by de beide skoallen foaroardielen en skepsis tsjin meartaligens? Dy soene dan opromme wurde kinne. Hy tinkt dat der net stribbe wurde moat nei in taalyntegraasje fan de friezen yn it hollânsk sunder acht te slaan op'e meartaligens en sûnder rekken te halden mei de identiteit en de emosjonele bining. It giet om sawol it iene as it oare, sawol it hollânsk as it frysk. De voorzitter interumpeert dat het bij dit voorstel gaat om twee scholen en niet om twee talen. De hear Van der B?an fynt dat de nije skoalle him oanslute moat by de opiny fan'e fakbûnen yn de W.E.N.-regio dy't op harren studzjedei mear omtinken en belangstelling fregen en easken foar de trije talen fan'e noardlike regio's it heech-dúdsk, it hol- lansk en it frysk. Sa wolle se de Ünbekindheid fan elkoars kultueren trochbrekke en dêrmei de ûntwikkeling fan it eigen taalunderwiis stimulearje. Optimaal Ûnderwiis freget dat in bern him folslein untjaan kin yn sy eigen taal. We steane no foar de fúsje en foar de reorganisaas je fan dizze skoallen en syn fraksje fynt dit by útstek it momint om in frysk Yn e lessentabel op te nimmen, Wethâlder Blsm seit as oanfolling dat der pas krektlyn berjocht untfongen is fan'e bûnen dat se akkoart geane. Dat wie op 13 beskreaun00 fÚSjeplan' haadstik 3, stiet mear de tarieding Se is tige bliid dat der yn'e óf rune tiid safolle wurk dien is om ta dit fusjeplan te kommen. Alle reaksjes wize dêr ek op. Eltsenien hat der grutte wurdearring foar. It hat ek tige wichtich west op dy manier gear te wurkjen, it is dan ek in foarpriuwke fan hoe't it aanst wize kin. Dit is ek in goede momint om mei dit útstel te kommen. Der is romte foar benammen de twa lokaasjes. It is hiel goed om op provinsjaal nivo te besykjen ïen en oar fierder stâl te jaan. As de projektgroep fuortset Ûnderwiis net goed fan'e grûn komme soe troch it net krijen fan foldwaande subsydzjes dan moatte wy -u ysk? Plattelân seis de skouders der ûnder sette om dudlik te meitsjen wat de easken fan it plattelân foar goed fuortsetunderwiis binne. Mooglik kinne dan ek kontakten lein wurde mei oare plattelânsgebieten. It is goed ek op oare gebieten te besykjen de mienings op it ministearje te beynfloedzjen. Der is fanôf de fakânsje hiel hurd wurke troch in wurkgroep en no moatte we fierder. Dêr sil yn'e stjoergroep oer praten wurde moatte. It kolleezje is wol fan betinken dat it wol yn orga- nisearre ferban moat. Hoe't dat der krekt út komt te sjen wit se net, mar se kin har yntinke dat dêrfoar deselde stjoergroep brukt wurdt dy't dan in oare opdracht krijt, nammentlik it tarieden fan it wurklike gearfoegjen fan'e beide skoallen. Yn it fusjeplan stiet wol in lessentabel mar dy stiet der om oan te jaan op hokker wize der mei de brêgeklassen wurke wurde kin. De ynfolling fan'e fakken is no net oan'e oarder. Se hopet mei de sprekkers dat der trochgien wurde kin op'e ynsleine wei. 0075V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 15