-2- Mevrouw Aukes zegt dat haar fractie niet precies weet wat de bedoeling van het college in dezen is. Zij stelt voor dat het college voordat er ook maar iets gebeurt, duidelijkheid geeft over wat er in de toekomst met het hele terrein gaat gebeuren, ook naar de bewoners toe. De hear Van der Baan tinkt dat it kolleezje ek wol wist dat de omwenjenden grutte beswieren hawwe tsjin de mooglike wiziging fan it bestimmingsplan. Hy krijt de yndruk dat it kolleezje al in wiksel op'e takomst nommen hat en dat men foarútrint op in mooglike wiziging fan it bestimmingsplan troch op dizze wize in beslút dêrta te forsearjen. Wethalder Breeuwsma seit dat yn'e fjirde ôfdieling tasein is dat der mei de oanbelangjenden nochris praten wurde sil oer hoe't it plan ynfold wurde moat. It kolleezje wol fansels ûndersykje hoe't dit sa kommen is en hoe't it der mei fierder moat. It is wol sa dat der in kredyt fan'e rie frege is om de skoall'e te slopen. Der is by de oanfraach net bysetten dat de beammen der ek of moatte. Hy seit ta dat oer de ynfolling fan it plan noch praten wurde sil yn'e fjirde Sfdieling en dan sil dizze brief ek meinommen wurde. De hear G. Bouma wol dat der foar de jierwikseling aks je ûndernommen wurdt nei de bewenners ta. De hear Van der Baan seit dat de masjinist al opdracht krigen hat om de grûn bouryp te meitsjen wylst der hielendal net oer praten is yn'e Sfdieling. Hy wol graach witte wêr't no eins de flater makke is. Wethâlder Breeuwsma seit dat it terrein noch net hielendal folslein bouryp is. Hy is it mei de sprekkers iens dat der dochs dingen oars run binne as ferwachte. Hy wol de romte hawwe om der mei de tsjinst ris fierder yn te duken foardat hy der op weromkomt yn'e Sfdieling. Der sil ynkoarten in antwurd skreaun wurde oan'e bewenners. Vervolgens worden de ingekomen stukken voor zover niet anders vermeld voor kennisgeving aangenomen. 4Medelinaen. 1. Grondverkopen. De hear S. Bouma seit dat neffens him de meidieling ûnder a. al op 12 septimber Sfhannele is. Under b. wurdt in grienstripe ferkocht. Hy freget him Sf oft de priizen foar grienstripes yn it plan Meinga al fêststeld binne. 0075V 10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 4