-5-
9Voorstel tot vaststelling van een raamnota Personeelsbeleid en
een Deelnota Werving en Selectie.
Frou §-sZiilstra seit dat har fraksje der mei ynnommen is dat
der in Raamnota Personielsbelied en in Dielnota Werving en
Seleksje is. Dat is foar it personielsbelied in goede saak en it
skept dúdlikens.
Har fraksje wol, mei ynjûn troch it advys fan'e
emansipaasjekommisje, mear omtinken foar de posysje fan froulju
yn'e gemeentlike organisaasje en komme ta in útstel foar
positive aksje.
Positive aksje is in metoade om it tal froulju yn alle funksjes
yn'e organisaasje systematysk te fergrutsjen. It is in
ynspanning dy't der op rjochte is de kwaliteiten fan froulju te
ûntwikkeljen en te fergrutsjen. Yn tal fan gemeenten en
bedriuwen wurdt mei dizze plannen wurke en it hat risseltaten.
Der is foar dizze plannen ek subsydzje beskikber en der soe ús
gemeente ek gebrûk fan meitsje kinne.
Se freget it kolleezje plannen yn it ramt fan'e positive aksje
te ûntwikkeljen en se freget wannear't soks te realisearjen is.
De hear Van der Baan seit dat it him muoit dat der yn'e nota
neat sein wurdt oer de emansipaasje fan it frysk.
Yn'e earstfolgjende dielnota moat útwurke wurde yn hoefiere en
wannear't it fyrsk in eask of in pré is foar guon funksjes.
Wethêlder Bloem seit dat yn'e leste alinea op side 1 al oanjûn
is dat it oanskerpjen fan it emansipaasjebelied yn'e kommende
tüd gespreksûnderwerp wêze sil. Derút folget dat der ek
omtinken wêze sil foar positive aksje as middel om mear froulju
yn'e gemeentlike organisaasje te krijen. Der moat goed oer
neitocht wurde hoe't soks op syn best oanpakt wurde kin. Oer de
termyn wêrop kin se net safolle sizze.
Se fynt dat dat wat de hear Van der Baan wol yn it beliedsplan
frysk oan'e oarder komme moat.
De hear Van der Baan seit dat it sa fan it iene nei it oare plak
skood wurdt. Hy bliuwt by wat hy sein hat.
Wethêlder Bloem seit dat de hear Van der Baan ek wol wit dat we
noch gear moatte oer it frysk yn it gemeentlik gebrûk. It soe in
foarútrinnen wêze op dy diskusje.
Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het
voorstel besloten.
10Voorsteltot vaststelling van de meerjarenraming dorpsver
nieuwing 1990-1994 en het verdelincrsbesluit 1990.
De hear Bethlehem seit dat syn fraksje der mei ynstimme kin wat
der takom jier yn de doarpsfernijing barre sil. Syn fraksje fynt
it ek terjochte dat er wat foar Jirnsum, Wergea en de lytse
kearnen dien wurdt.
0075V 13