-6- Hy wol der noch oan taheakje dat syn fraksje net graach wol dat der takom jier noch dingen út'e doarpsfernijing betelle wurde dy't der neat mei te krijen hawwe. Hy hopet dat it jild dat der foar 1990 is ek wier yn dat jier útjûn wurde kin. Yn'e fjirde ôfdieling hearde hy dat it "reade boekje" al ferêldere wêze soe. Hoe sit dat krekt. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje der mei ynnommen is dat der in ferbettering fan mooglikheden foar de lytse wettersport komme sil en dat de Swin-Swetteferbining realisearre wurde sil. Foar dat leste wurdt jild út'e pot foar Jirnsum, Wergea en Aldeboarn helle. Hy freget oft dy doarpen dat jild letter ek wer werom krije. Dan is der noch wat betizing oer it "reade boekje". Pleatslik Belang Reduzum ferwachtet dat der mooglik wat fan har plannen dy't fêstlein binne yn'e nota "Reduzum 2000" yn it boekje opnommen wurde sille. Yn'e oantekens fan'e fjirde ôfdieling fynt hy dat net werom. Der wurdt fan de Pleatslike Belangen nochal wat ferwachte by de gearstalling fan'e dorpsfernijingsplannen. Mar yn'e gruttere doarpen sjocht men dêr gjin kans ta om seis mei plannen te kommen Yn oktober hie de saak al run wêze moatten en it is dan ek spitich dat de Pleatslike Belangen it reade boekje net krigen hawwe. As it kommende jier op'e nij de plannen foar oktober ynlevere wurde moatte moat de ynspraak al fier foar oktober plakfine. Wethêlder Breeuwsma seit dat de fraach fan de hear Bethlehem der op del komt oft de plannen ek echt sa útfierd wurde as no oanjûn. Guon ûnderdielen binne foar útfiering ôfhinklik fan subsydzjes. Soms wurdt der in plan trochskood en soms wurdt der jild foar twa jier tagelyk brûkt. It is net de bedoeling dat jild foar de doarpsferni jing earne oars foar brûkt wurdt. Mocht dat al sa wêze dan giet dat net sûnder ynstimming fan'e rie. Yn'e fjirde Sfdieling is utlein wêrom it "reade boekje" feroare is. Der binnen op't heden trije kearnen dêr't hurd oan'e doarpsfernijing wurke wurdt en dat binne Aldeboarn, Jirnsum en Wergea. Yn Jirnsum is al in wurkkommisje oan'e gong en ek yn Wergea stiet dy der oan te kommen. It belied foar de lytse kearnen moat goed strukturearre wurde sadat it jild dat dêr foar út lutsen is goed bestege wurde kin. Der is in ynventarisaasje troch gemeentewurken makke fan alles wat der yn'e lytse kearnen barre moat. De ynspraak dêryn is noch net offisjeel bard mar al wol offisjeus. As der echt saken ta útfier komme kinne moat der noch goed oerlis oer fierd wurde. De hear Bethlehem freget oft der meikoarten in mearjierrenrüzing komme sil dy't wer by de tiid is. 0075V 14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 8