-9- Zonder hoofdelijke stemming wordt vervolgens conform het voorstel besloten. Voorsteltothetbeschikbaar stellen van een krediet ten behoeve van de zondaqsbedienina van de bruggen in april. De hear Veldstra wol graach ris yn'e le ôfdieling prate oer bygelyks fêste regels foar 1991 en fierder. De voorzitter zegt dat toe. Het is overigens de vraag of het in de le dan wel de 4e afdeling behandeld moet worden. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. Voorstel tot het in beheer en onderhoud overnemen van de R-iochte Grou(gedeeltelijk)en de Kromme Grou van de provincie Friesland. De hear Renia seit dat it fansels hiel aardich wie fan'e provinsje om it wetter oan ús oer te dragen sadat wy de skippen farre litte koene sa't wy woene. Dat is de earste gedachte as jo it útstel leze. Letter komme der dochs fragen op en dy wol hy dan ek mar stelle. As hy it goed begrepen hat giet it om in soarte fan keppelferkeap. Eins hawwe we allinne it stik fan'e J.W. de Visserwei oant it spoar nedich mar we hawwe it oare stik der ek by nimme moatten. Dat kin bestjoerlike foardielen hawwe mar ek neidielen wat it ûnderhâld oanbelanget. Fral as bygelyks de Jirnsumersylbrêge nochris omheech komt en der dêrtroch mear fard wurde sil. Hy freget hoe't de minsken dy't oan'e Oedsmawei in bedriuw hawwe of harren boat dêr lizzen hawwe tsjin dizze saak oer steane. Hat der oerlis mei harren west en kinne we miskien skeaklaims ferwachtsje. Hy wol der graach wat mear oer witte. In tredde punt is de feiligens benammen op it smelle stik nei de jeugdherberch ta en dêr't wol skippers komme dy't net al te tûk binne. Der moatte gjin mankeminten dêrtroch komme en seker moat ek de jeugdherberch dy't it pûrbêst docht gjin neidiel Ûnderfine. De hear S, Bpuma freget hoe't it kolleezje de kosten fan Ûnder- hâld, dy't der fêst komme sille, dekke wol. Hy freget oft de C.A.R.-polis dy't de oannimmer ôfslute sil allinne de materiële skea dekt of ek skea dy't ûnstean kin troch bygelyks it fuortbliuwen fan rekreanten. De hear Van der Baan seit dat út it útstel wol bliken docht dat we folslein mei de rêch tsjin'e muorre stean. It opfallende is dat de provinsje it net feilich fynt dat der grut sântransport troch de Rjochte Grou giet. De fraach is oft it dan wol feilich is as de gemeente it behear en ûnderhâld hat fan dat wetter. Hy hat seis net botte sicht op dizze saak en hy is der dêrom tige benijd nei hoe't it kolleezje dit tinkt op te lossen en oan hokker betingsten it farren op'e Rjochte Grou bun wurde sil om it gefaar safolle mooglik te kearen en út te sluten. Wurdt de feiligens fan'e minsken dy't dêr yn wenarken wenje garandearre en is der tocht oan it ferlizzen fan'e skippen yn'e Rjochte Grou? 0076V 9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 12