- 22 -
Net lang dêrnei is de wurkgroep úteinset mei fertsjintwurdigers
fan'e belutsen organisaasjes út Grou, de provinsje, de gemeente
en hysels ut namme fan de ried. It wie in entûsiaste wurkgroep
dy't yn in koart skoftke tiid in soad op in rychje set hat. It
rapport is yn feite in totaalfysje op de ûntjouwing fan Grou
sawol op ekonomysk mêd as op it mêd fan romtlike oardering, it
wenjen en de kultuer.
Der steane sterke en swakke punten fan Grou yn. Sterke punten
moatte útboud wurde en tagelyk moat der each wêze foar de swakke
punten.
Hy wol inkelde saken spesifyk neame. As earste kin fêststeld
wurde dat twa opfallende saken, de opwurdearring fan Yn'e Lijte
en it yndustrieterrein Biensma no al realisearre binne. Oare
saken giet it noch net sa hommels mei. Hy neamd yn dat ramt De
Blikpôle. It rapport stelt fêst dat it fan belang is dat it
grien syn gerak der hâldt. Tagelikertiid soe der romte wêze
moatte foar it oanlizzen fan in dam wêrtroch der in beskerme
sitewaasje ûntstiet sadat der ek oanlisplakken oanlein wurde
kinne. Hy is hiel nijsgjirrich nei de stân fan saken oangeande
it troch in partikulier yntsjinne plan.
Hy wol nochris wize op it belang fan in promenade lans de hiele
wetterkant. Mei beheinde middels kin der in prachtige wei
oanlein wurde.
De toiletakkommodaas^e is ien fan'e, ek fanút provinsjale en
lânlike nota's, meast winsklike foarsjennings
We binne der noch net út. It kolleezje jout oan dat der oan
wurke wurdt. Hy freget nei de stân fan saken.
Dat der mear boaten oanlein wurde kinne oan'e kade soe ten koste
gean kinne fan'e rûnfeartboaten.
Hy freget yn hoefiere it oerlis mei de eksploitanten en it
sykjen nei in alternatyf al begûn is.
De kommisje jout oan dat it berne-iisbaantsje oan'e Troelstrawei
tige geskikt is as parkearfoarsjenning.
Dat soe no al fêst oanpakt wurde kinne, los fan alle oare
ûntwikke1ingen
It grien is ek sa'n punt dêr't al te lang oer praat is en dêr't
no einliks ris in aai lein wurde moat. Nei syn betinken is it sa
dat de wurkgroep dy't dêr oer giet mei in fysje kommen is en hy
ynfoarmearret ek hjir nei de stén fan saken.
Dan is der noch de direkte relaasje tusken Pikmar en it Stork-
terrein/De Minne finne. Dêr rint de hierperioade hast óf 'en
binne we ta oan it ja dan nee sanearjen fan'e fersmoarge boaiem.
De tiid moat brûkt wurde om sa gau mooglik in definitive kar te
meitsjen tusken it hanthavenjen fan'e wenbestimming en in oare
funksje.
Der moat net fergetten wurde yn'e kommende tiid mei de oare, oan
it P.M.-kanaal lizzende gemeenten, om'e tafel te gean om op in
rychje te setten wat úteinlik it belang is fan it P.M.-kanaal
foar dy gemeenten yn it bysûnder mar ek foar Fryslan yn syn
gehiel.
0086V