- 4 -
Net allinne geografysk mar fral kwa aard en eigenskip helje we
mei dizze Spaanske Fries de positive tsjinpoal fan'e út'e lite-
ratuer ferneamde "Spaanske Brabander" yn'e hûs.
De hear Fopma nimt Yn'e Lij te "goïng concern" oer en dêrmei is
al oan in wichtige betingst, nammentlik de oername fan it perso-
niel, foldien.
Ek wurde alle besteande ferplichtigs oernommen en dat is fan
grut belang foar sawol pachters as hierders en de belangenfer-
iening. Dêrnei wurdt Yn'e Lijte yngeand renovearre en fral
opwurdearre, sûnder dat dit ta skea fan'e belangen giet dy't yn
dit gebiet sa'n grutte rol spile hawwe. Tenearsten de jachthaven
dy't foar Grou fan grut belang is. Dizze bliuwt syn hjoed-
deistige funksje hâlden mei de klam op kwalitative ferbettering
en útwreiding fan'e service. Hjirby wurdt tocht oan: trailerhel
ling, hysynstallaasje, tank- en reparaasjefoarsjennings, mar ek
oan feiliger parkeren.
De kamping bliuwt yn syn hjoeddeistige foarm bestean, ek hjir
sille kwalitative ferbetterings plakfine. Der sil rioalearring
oanlein wurde. Oan wjerskanten wurdt der wetter yn it gebiet
brocht. Dêrtroch sille sawol nij te bouwen lükse bungalows oan
it wetter stean mar ek de seizoenplakken krije in direkte
relaasje mei it wetter. De entree sil ferfongen wurde troch mear
representative en mear funksjonele gebouwen.
Foar de úteinlike ynfolling sil earst in helberheidsûndersyk
dien wurde. De relaasje mei it doarp Grou is foar syn fraksje,
mar ek, sa hat bliken dien, foar de keaper fan grut belang. Der
wurdt tocht oan in bettere ferbining tusken beide gebieten.
Koartsein, we kinne net allinne de famylje Fopma lokwinskje mei
sa'n unyk stikje Fryslân mar ek ússels as gemeente Boarnsterhim
mei dizze transaksje.
De eksploitaasje wurdt ommers neffens ús winksen fuortset wylst
wy tagelikertiid jild oerhâlde foar it opwurdearjen fan'e
rekreative foarsjennings yn'e gemeente en yn Grou yn't bysûnder.
Sa as yn it beslút stiet sille de betingsten noch neier formu-
learre wurde. Hy leit de klam op it formulearjen. It giet der
ommers om om datjinge wat oerienkommen is op in profesjonele
wize fêst te lizzen. Hjirtroch kinne yn'e takomst misferstannen
te foaren kommen wurde.
Syn fraksje fynt it prima dat it kolleezje ien en oar neier
útwurkje lit.
Ta eintsje beslút giet hy der fanút dat yn'e eardere beslútfoar-
ming al in bestimming jûn is oan it positive saldo. Hy wol
alfêst de suggestje meijaan om de saak struktureel oan te
pakken. We hawwe no de middels om én de planfoarming én dielen
fan'e plannen te finansjierjen. Dat moat dan ek op koarte termyn
barre!
Mevrouw Aukes zegt dat de voorgestelde verkoop van het recrea
tie-oord Yn'e Lijte al heel wat voeten in de aarde heeft gehad
en de nodige tongen losgemaakt. Een paar jaar geleden werd door
alle partijen onderkend dat er het één en ander diende te
gebeuren. Oftewel, investeren om bij te blijven.
0086V 4