-11- Wethâlder Nieuwdam seit dat yn'e réaksjes fral kommintaar jûn is op it twadde diel fan it útstel. Hy fynt it spitich dat der net reagearre is op it ynformaas jeplan as sadanich, omt it tige wichtich is foar hoe't yn'e takomst mei de ynformaasjefoarsjen ning omgien wurde sil. Hy fielt wol oan wêrom de fraksjes sa foarsichtich reageare op it twadde diel. Hy seit dat ek it kolleezje hiel hoeden west hat. It is perfoarst net út weelde dat dit útstel no op tafel leit. Mar it kin net oars. Der wurdt praten oer it meitsjen fan in kar en der hat dit útstel alles mei te krijen. It ynformaas- jeplan tilt op fan'e mooglikheden om te kiezen. Ien ding moat foar eltsenien wol hiel dúdlik wêze: it hjoed- deiske systeem sit foar 93% fol en dat is yn automatisearrings- termen perfoarst net akseptabel. Eltse dei moat fia ferskate keunstgrepen de saak oan'e gong halden wurde en dat hâldt yn dat der in hiele protte risiko's run wurde. Dêrom kin der beslist net wachte wurde op'e weroriëntaasjes we steane mei de rêch tsjin de muorre. De hear Renia seit dat syn fraksje al yn'e twadde Sfdieling sein hat dat it plan har tige oanspruts. Hy hat der alle fertrouen yn. Dat de reaskje him taspitste op'e ferfanging fan it systeem hat te krijen mei de fiergeande finansjele konsekwinsjes Hy is der wis fan dat as der no neat dien wurdt der rampen barre. De hear Breeuwsma seit dat dit jûn al it twadde útstel is dêr't gjin goede dekking foar is. It spyt him genôch mar hy kin net akkoart gean. De hear Van der Baan hat begrepen dat der in ûnwurkbere site waas je ûntstean soe as dit útstel net oannommen wurdt. Dy ferantwurdlikens soe hy as riedslid net nimme wolle en hy kin dêrom ynstimme mei it útstel. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform dit voor stel besloten. De fractie van het C.D.A. wordt geacht te hebben tegengestemd, op grond van het feit, dat de aangegeven dekking niet acceptabel is" 7Voorstel tot arondverkoop in De Baai 2e fase te Grou. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 8Voorstel tot bijstelling van de gemeentebegroting 1990 en de meerjarenramingen 1991 - 1993 (voorjaarsnota). De hear Renia seit dat doe't hy de maitiidsnota troch de doar krige hy hiel foarsichtich der ris yn sjoen hat. Foarige kearen ommers kaam der faak út nei foaren dat der besunige wurde moast. In skoftke lyn waard yn'e rie noch sein dat der wol 2 ton te min wie, mar it foei ta. In tal needsaaklike dingen kin oanpakt wurde, der sit wer wat romte yn'e begrutting. 0091V 11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 23