-22- Se kin har dan ek fine yn it útstel. In goede saak is ek dat der sjoen wurdt hokfoar grutte ynspan- ning it doarp levere hat troch it nedige jild op't kleed te krijen. De taljochting fan wethâlder Nieuwdam is foar har dúdlik en har fraksje kin der mei akkoart gean. Frou Santema seit dat har fraksje bliid is mei de taljochting fan wethâlder Nieuwdam. Se tinkt dat se yn Warten nea tocht ha dat it ballontsje, dat op'e gearkomste fan Pleatslik Belang oplitten is, sa gau al wurklikheid wurde koe. De hear Van der Baan hat begrepen dat de tennisferiening ek in oanfraach foar in subsydzje yntsjinne hat by Petroland. As Petroland noch wat goed meitsje wol foar alle skea dy't se oanrjochte hawwe dan is dit in prachtige gelegenheid. Hy soe eins in berop dwaan wolle op Petroland om de hiele tennisbaan mar oan te lizzen sadat de gemeente gjin kosten hoecht te meitsjen. Hy hopet lykwols dat Warten, ek mei de 30.000,fan'e gemeente, in goede tennistakomst temjitte giet. Mevrouw Van den Berg zegt dat de C.D.A.-fractie Warten erg veel succes wenst met de nieuwe tennisbanen. Wethâlder Nieuwdam is bliid mei dizze brede stripe. Hy freget de hear Van der Baan fral syn relaasje mei Petroland waarm te halden. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 25. Voorstel inzake goedkeuring van de begroting 1990 van de Stich ting Recreatie-oord Yn'e Liite te Grou. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 26. Voorstel tot vaststelling van diverse begrotingswijzigingen. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 27Voorstel om accoord te gaan met de notitie Ouderenbecreleidinct Boarnsterhim. Frou Faber seit dat der yn ús gemeente, en dêrfoar al yn Idaer- deradiel, in âlderenbegeliedingskommisje bestie. Dy kommisje die en docht goed wurk foar âlderen yn soarchlike omstannichheden oant der in plakje yn in fersoargingshûs fûn is. Troch it oprjochtsjen fan'e Stichting Aldereinwurk en troch in oare opset fan'e regionale yndikaasjekommisje is harren plak der net dúdliker op wurden. 0091V 22

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 34