-8- Eind september zal hiermee begonnen worden, dan wordt voor het eerst bestuursdwang toegepast. Hij denkt dat het college niet verweten kan worden het erbij te laten zitten. Hij denkt dat de emotie een grote rol speelt bij het element rechtsongelijkheid. Hoezeer die emoties ook begrijpelijk zijn moet men toch ook oog hebben voor de ingewikkeldheid van dit onderdeel. De intensivering bestaat uit het aanwenden van extra hulpmiddelen om de bestuursdwang effectief te maken. De hear G. Bouma seit dat hy it ynhâldlik hast yn alles iens is mei de foarsitter. Hy docht út noch yn ferwitend ten oansjen fan it amtlik apparaat as de feroardening. Hy hat der begryp foar dat dit in mateerje is dy't in soad tiid freget. Hy bestriidt dat de yntensivearring dêr't it kolleezje oer sprekt al yn septimber liede sil ta tapassen fan bestjoerstwang. Der komt noch in A.R.O.B.-proseduere, dy't in protte tiid freget. As de gemeente dan lykwols oergiet ta it fuortslepen fan boaten giet it ferkeard. Hy stelt dat as der in spoarboekje makke wurdt oangeande de útfiering jo eksakt witte wêr't jo op 1 septimber oan ta binne. Pas oan de ein fan it trajekt, mei mooglik beroppen op de kroan, kin ta fuortslepen oergien wurde. En dochs krije de boatebesitters foar 1990 in briefke troch de doar dêr't sanksjes yn neamd steane wylst doe al dúdlik wie dat dy sanksjes net útfierd wurde koene. Der mei pas jild frege wurde as ek wurklik dyjingen dy't net betelje oanpakt wurde kinne. De hear Breeuwsma seit dat it ferhaal fan'e foarsitter dúdlik wie. Mei it ferhaal fan de hear Bouma hat hy gâns mear muoite. De hear Bouma seit dat by it útfieren fan'e feroardening A.R.O.B.-beswieren komme kinne dy't de fierdere útfiering behinderje. Hy tinkt dat der dan gjin inkelde feroardening mear ynfierd wurde kin. De hear Renia seit dat syn fraksje net benaud is faor A.R.O.B.- prosedueres. It is allinne no sa dat noch nimmen echt oanpakt wurde kin salang 't de proseduere dêrta net trochrûn is. En dat wurket no krekt yn'e hân dat der fierstente lang rjochtsûngelikenens bestean bliuwt. De hear SBouma soe graach witte wolle oft we al dan net by steat binne dy minsken oan te oakken dy't oanpakt wurde moatte. De voorzitter zegt dat het in wezen niet draait om de mensen die een ontheffing hebben aangevraagd als wel om de mensen die wel een ligplaats hebben maar geen ontheffing hebben aangevraagd. Dat is ook de groep die de ergernis opwekt. Als er dus over A.R.O.B.-procedures wordt gesproken dan is dat gericht op de groep die wel gereageerd heeft.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 10