-10- Voorstel tot wiiziaina van de gemeenschappelinke regeling O.L.A.F. De hear Renia seit dat hy by de ynkommen stikken de besluteleas heid op bestjoerlik mêd halden hat neist wat de boargers sjen litte. No leit hjir it útstel om it tal leden út te wreidzjen ta it tal fan'e dielnimmende gemeenten. Op himsels is dat prima, elts wurdt mei feantwurdlik en it betsjut in fergrutting fan it betsjoerlik draachflak. Oan'e oare kant is in Poalske lândei ek in bekind ferskynsel en is yn Fryslên ek noch de útdrukking: op syn alventritichst. Hy hopet dat dizze wurden net fan tapassing wêze sille op it betsjoer fan it O.L.A.F. en dat it net op syn ienentritichst gean sil. De hear Breeuwsma slút him oan by de wurden fan de hear Renia. Hy fynt it wol frjemd dat it hjoeddeistige bestjoer net fierder ta besluten kommen is en dat men no ek noch útwreiding fan it tal leden útstelt. Hy tinkt dat it wolris goed wêze soe dat de gemeenten der ris mei elkoar oer praten oft it O.L.A.F. wol bestean bliuwe moatte soe. It is yn'e praktyk in toulûken tusken provinsje en O.L.A.F. Ien deputearre moast al belies jaan en der hoecht net folie te barren of mei in twaddenien bart itselde. It soe net goed wêze as de prvinsje Fryslên net mear beslútfeardich wêze kin. Hy fynt dat it ôffalprobleem net in gemeentlike, ek net in provinsjale mar in ynterprovinsjale oangelegenheid is. It O.L.A.F. soe net sa trochgean moatte mei yn it lyts te tinken. Hy trunet it kolleezje oan te befoarderjen dat it ôffalprobleem yn in grutter ramt besjoen wurdt. De hear Van der Baan fynt dat de P.v.d.A.-fraksje as dy mient dat 31 bestjoersleden liede kin ta noch mear besluteleasheid dan ek net akkoart gean moat mei it útstel. Hy tinkt ek dat 31 bestjoersleden te folie is en dat in bestjoer dan net maklik ta in útdrûgen saak komme kin. Hy fynt it in tryste saak dat we yn Fryslên net bij steat binnen in oplossing te finnen foar de stoart. Hy soe graach witte wolle hoe't it kolleezje en de oare fraksjes tinke oer de útwreiding fan it tal bestjoersleden. Wethêlder Nieuwdam wol it útstel graach yn twaën behannelje. Op 29 juni al, foar't de A.V.I. Ljouwert sluten is, is it útstel om it tal bestjoersleden ta 31 út te wreidzen yn it O.L.A.F. behannele. Der binne fraachtekens by de organisaasje fan it O.L.A.F. en fanút de ried is opmurken oft it O.L.A.F. mei 31 minsken noch wol te bestjoeren is. Hy tinkt dat it dochs wichtich is dat alle gemeenten yn in rjochtstreekse foarm fertsjintwurdige binne. Dêrmei wurdt te foaren kommen dat ynformaasje net út'e twadde hân komt. De gemeentlike fertsjintwurdiger is as sadanich ek direkt oansprekber. Hy tinkt dat der yn elts gefal troch it nije bestjoer fan it O.L.A.F. praten wurde sil oer de organisaasje fan it bestjoer. 0096V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 12