-11- De kranten steane op dit stuit fol mei berjochten oer de sitewaasje by it O.L.A.F. Hy tinkt dat eltsenien it der wol mei iens is dat de sitewaasje soarchlik is. Dochs hat hy de yndruk dat de provinsje en it O.L.A.F. drok dwaande binne oarder op saken te stellen en om oplossings te finen. Der wurdt no op ynterprovinsjaal nivo oerlein. In interprovinsjaal orgaan ynstee fan it O.L.A.F. sil ek deselde problemen as no spylje tsjinkomme. De hear Renia seit dat syn fraksje wol akkoart giet mei it útstel. Hy hat allinne wize wollen op it feit dat der in protte beslútfeardigens nedich is en dat dat yn gruttere groep wolris ôffalle kin. De hear Breeuwsma is net op'e útwreiding tsjin. Hy sjocht dat ek net as sa'n wichtige saak. Hy fynt dat de problemen eins oplost wurde moatte troch saakkundigen. Dat soe op ynterprovins jaal nivo moatte en ek it bedriuwslibben moat deryn behelle wurde. It bestjoer soe him dan dwaande hâlde kinne mei it fêststellen fan'e tariven ûnder it genot fan in kopke kofje. De hear Van der Baan seit dat hy der net fan oertsjûge is dat alle Fryske gemeenten yn it bestjoer ferstjintwurdige wêze moatte en hy sil dêrom it útstel net stypje. De heer SBouma seit dat syn fraksje wol akkoart gean kin mei it útstel. Wethalder Nieuwdam fynt it spitich dat de F.N.P.-fraksje tsjin is. Hy ûnderskriuwt de wurden fan'e hear Renia en hy hopet dat der wat dien wurdt oan it fergrutsjen fan'e beslútfeardigens. De suggestje fan de hear Breeuwsma om it bedriuwslibben deryn te beheljen fynt hy wol wat tsjinstriidich. Ek der hinget likegoed in priiskaartsje oan. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. De F.N.P.-fractie wordt geacht te hebben tegengestemd. 6. Voorstel tot het benoemen van een lid in het algemeen bestuur van het gemeenschappelijk centrum voor onderwijsbegeleiding in Friesland. De stemming wordt gecombineerd met die van agendapunt 7Voorstel tot het benoemen van een lid van de beheerscommissie sporthal/zwembad "De Twine". De hear Van der Baan freget wêrom de fakatuere Grou net opfold wurdt. 0096V 11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 13