-17- De opfang moat har net allinne beheine ta Grou en Akkrum. De lytse doarpen moatte ek gebrûk meitsje kinne fan dizze opfang. It gastêlderprojekt moat dêrom sa gau mooglik stâl krije. Se is ek fan betinken dat it fan it grutste belang is dat bern opheind wurde yn harren eigen memmetaal. Fral foar bern fan 0 - 4 jier is it tige wichtich dat as Frysk thús de fiertaal is dy taal ek brûkt wurdt op de berne-opfang. It Frysk moat fansels in kwaliteitseask wêze. Se docht it útstel dy eask te ferbinen oan it takinnen fan'e gemeentlike bydrage. Foar ienâldergesinnen, studearjenden en de minima soe in útsûndering makke wurde moatte troch bygelyks harren bern fergees ta te litten en de âlders mei in dubeld ynkommen mear betelje te litten. Se soe it tige spitich fine dat troch dit útstel oare groepen yn'e knipe komme soene. Se tinkt dan oan de alderein en W.A.O.- ers. Se is fan betinken dat troch de wurkgroep berne-opfang al in protte wurk dien is. Der is ferlet fan berne-opfang yn ús gemeente sjoen it beliedsplan en de halden enkête. De F.N.P.-fraksje hopet dat it slagget op dizze wize berne- opfang yn ús gemeente te realisearjen en dat it net it soargenberntsje wurde sil. Mei dit útstel kin har fraksje dan ek akkoart gean. Se hopet dat har kanttekens serieus ôfhannele wurde sille. Frou Santema seit dat har fraksje ek al akkoart wie mei it útstel dat 15 maaie lêstlyn oannommen is. No moat it tal berneplakken grutter. Se fynt dat de frijwilligers dy't al sa lang dwaande binne no it griene ljocht hawwe moatte. Se wiist der nochris op dat it gastêlderprojekt ek tige wichtich is. Se hopet dat dit belied oangeande berne-opfang emansipearjend wurkje sil. Wethâlder Bloem seit dat sy fernimt dat eins alle fraksjes it belang fan berne-opfang ynsjogge. Se moat spitigernôch konstatearje dat de ien dêr in gruttere f er antwurdl ikheid yn nimt as de oar. Wat no útsteld wurdt is yn feite net oars as yn maaie allinne wurdt der mei itselde jild in oare wurkwize tapast en wurde mear plakken realisearre. It is wichtich dat no dit nije útstel dien wurdt om dat sa gebrûk makke wurde kin fan alle mooglike subsydzjes. Berne-opfang is yn beweging en sil de kommende tiid hyltiten wichtiger wurde. No moatte we op'e trein springe en meiride en meistjoere. Yn it útstel fan maaie lêstlyn is al dúdlik in dekking oanjûn. It kolleezje sil yn'e mearjierrenbegrutting hjir ek rekken mei hâlde. As frou Van den Berg seit dat it útstel net betrouber oerkomt yn ferbân mei de weroriëntaasje dan tinkt se dat it net folie sin hat te sizzen dat jo foar berne-opfang binne mar der gjin stap foar sette wolle. Dêr hawwe we sa'n bytsje oan. De maatskiplike ûntwikkeling is sadanich dat we dizze jierren brûke moatte om in goede ynfra-struktuer foar de berne-opfang op te setten. 0096V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 19