-18- Oe ferheging fan'e o.g.b. as gefolch fan de berne-opfang is no net oan'e oarder. It kolleezje hat it "spaarsysteem" ôfwezen omt der dan pas yn 1993 útein setten wurde kin en dat is te let. It hat neat te krijen mei dat it sneu is foar frijwilligers, dy't fansels it rjocht hawwe te witten hoe't it belied der út sjocht. De F.N.P. stipet it wizige útstel. Wat frou Veldstra hjirby oanhellet sil seker omtinken krije yn de fierdere rin fan it proses. Dat der noch gjin ûndersyk nei it ferlet by it bedriuws- libben starten is, en dat sil seker noch wol barre, hat te krijen mei it feit dat der dan ek wol sicht wêze moat op de realisearing fan berne-opfang. Troch it nije útstel kinne ek de lytsere doarpen meidwaan. Moog- lik kin, trochdat der mear plakken ferkocht wurde, de sprieding noch mear tanimme. It kolleezje hat hiel beskieden west yn it oanjaan fan te ferkeapjen plakken om net letter teloarsteld te wurden. Sy seis hat de idee dat it wol tafalle sil. Wat de memmetaal oanbelanget tinkt se dat dat by de feroardering oan'e oarder komme kin. It is de ferantwurdlikheid fan it kolleezje in kar te meitsjen oangeande de groepen dy't troch de gemeente stipe wurde. It is no net maklik te sizzen hokfoar groep mooglik neidielige gefolgen fan dizze kar hawwe sil. It giet yn dit útstel om in neiere besinning fan it beslut fan maaie, om sa te befoarderjen dat de ynvestearringssubsydzje fan W.V.C. binnenkomt. Mevrouw Van den Berg wil graag een ja of nee op de drie vragen die zij in eerste instantie heeft gesteld. Zij vraagt zich af waar de wethouder het vandaan haalt dat er met dit voorstel meer kindplaatsen worden gerealiseerd. Zij blijft erbij dat in haar voorstel veel meer rendement zit dan in het collegevoorstel. Frou Santema seit dat har fraksje har bewust is fan it finan- sjele aspekt gearhingjende mei de berne-opfang. Har fraksje hat yn'e kommisje it útstel dien te oerwagen de bydrage fan'e êlders te ferheegjen. Soe der pas yn 1993 begûn wurde mei berne-opfang dan wurde de fammen en froulju beheind yn harren maatskiplike ûntwikkeling. De hear Van der Baan freget wa't de feroardering fêststeld. Wethâlder Bloem seit dat de ried de feroardering fêststeld. Yn'e twadde ôfdieling sil it konsept behannele wurde. De fragen fan frou Van den Berg beantwurdet sy sa. De dekking is bekend. Se ferwiist nei it útstel fan maaie. Dus in ja. Fraach twa oer it iepen ein kin in nee op jûn wurde. De ferheging fan'e o.g.b. wurdt no net troch it kolleezje oankaarten. As de ferheging fan'e o.g.b. mooglik oan'e oarder komt dan binne in tal faktoaren der de oanlieding foar. Fansels kin der troch dit beslut, tegearre mei alle oare besluten mei finansjele gefolgen eventueel wannear't ek oare sitewaasjes dêr oanlieding ta jaan, in diskusje losbarste oer ferheging fan'e o.g.b. It sil yn elts gefal net it gefolch wêze fan allinne de berne-opfang. It beslut fan maaie gie út fan 12 berneplakken wylst it no giet om 20 berneplakken.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 20