-2- Nettsjinsteande dat bliuwt it saak alert te bliuwen, fral it ôffal yn'e grize jiskepûde foarmet it probleem. Yn ús gemeente stabilisearret it tal jiskepûden, mar no al is dúdlik dat it priiskaartsje de kommende jierren in dúdlike ferheging oanjaan sil De hear Breeuwsma seit dat syn fraksje it iens is mei it betsjûgjen fan adheezje. Nummer 17. De hear Van der Baan seit dat it kolleezje oan no ta noch gjin stânpunt ynnommen hat oer it rapport fan'e ûndersykskommisje. No komt der op'e nij in skriuwen fan'e behearskommisje. Hy krijt de yndruk dat der wol op hiel koarte termyn wat barre moat. Hy freget wannear't it kolleezje no mei in advys nei oanlieding fan it rapport komme sil. Wethâlder Nieuwdam seit dat ynkoarten it ûndersyksrapport behannele wurde sil. It brief sil by de begrutting 1991 yn skôging nommen wurde. Nummer 18. Frou Veldstra freget wat it kolleezje mei dizze oanfraach tinkt te dwaan. It Bureau Slachtofferhulp freget in jierlykse bydrage om har wurk trochgean te litten. Subsydzje fan'e gemeenten is tige wichtich foar harren, omt it wurk oars stopje moat. Dat soe tige spitich wêze, temear omt dit it ûnderdiel is fan it takenpakket fan plysje en maatskiplik wurk. Slachtoffers hawwe rjocht op begelieding. Har fraksje is fan betinken dat de oanfraach honoreare wurde moat. Wethâlder Nieuwdam seit dat itjinge frou Veldstra sein hat meinommen wurde sil yn'e ôfwaging. Nummer 25. Frou Veldstra seit dat de F.N.P.-fraksje bliid is dat it fersyk fan'e Fredesgroep Grou oernommen wurdt. Se is der foar om in brief nei it regear útgean te litten mei it fersyk om in algemien ferbod op kearnproeven. Yn dizze tiid fan ûntspanning tusken east en west is it ûnbegryplik dat der noch hyltiten kearnproeven útfierd wurde. Mevrouw Van den Berg zegt dat het C.D.A. het bijzonder op prijs zou stellen dat de raad zich houdt bij de aan de gemeente toebedeelde taken. Zij stelt daarom voor dit verzoek voor kennisgeving aan te nemen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 4