GEMEENTE BOARNSTERHIM 18. Utstel ta it fêststellen fan de "Ruimtelijke-economische Ontwikke lingsvisie op het stadsgewest Leeuwarden" en de nedige bestjoers- oerienkomsten dêrfoar. Oan de gemeenteried. Grou, 2 oktober 1990. Ynliedina en aearfettinq. Op 20 maart 1990 ha wy oan jimme ried ús reaksje op de konseptfisy foarlein sa as dy troch de dêrta ynstelde stjoergroep fan it stêdsgewest opsteld wie. Us reaksjes binne, mei in hiel tal oaren, wer bepraat, en fêstlein yn in antwurdnota. Yn dizze antwurdnota stelt de stjoergroep ek in inkelde wiziging foar. No is it wurd oan de gemeenterieden om it no foarlizzende stik te ûnderskriuwen. As alle gemeenterieden en de steaten ja sizze tsjin dit stik, is der in fiergeande oerienstimming oer de takomstige ûnt jouwing fan in grut gebiet om Ljouwert hinne. Om oan dizze ûntjouwing stâl jaan te kinnen, moatte in oantal Sfspraken makke wurde, fêstlein yn in twatal bestjoersakkoarten. De fisy ynhêldlik. As doelstelling fan de fisy is it útsetten fan in belied, dat de konkurrinsjeposysje fan it stêdsgewest Ljouwert nei de omkriten ta fuortsterket. Troch dit gearwurkjen yn belied, sil it ek makliker wêze om jild fan it Ryksregear en Jeropeeske fûnsen tasein te krijen. Sûnder dit jild sille de plannen sa't dy yn de nota opnommen binne, nea realisearre wurde. De fisy seis is tige globaal, en giet net yn op de details of fierdere útwtOrkingen. In oerienkomst oer sa'n grut gebiet, kin lykwols ek slim oars. Hol dúdlik is de fisy op de haadlinen fan it romtlik belied, dat de kwaliteit fan de wen- en wurkomjouwing ús earste soarch wêze moat. Dizze kwaliteitsferbettering moat oer it hiele gea plak fine, dus net allinne yn de stêd, mar ek it gebiet der omhinne moat dy kwaliteit útstriele. Dizze grûnhâlding sprekt ús tige oan, en is ek werom te finen yn ús kolleezje-wurkprogram. Ut de ynspraak by de konseptfisy hat bliken dien, dat in protte fragen krekt troch it globale karakter oproppen binne. Yn ús reaksje- nota fan maart binne wy dêr wiidweidich op yn gongen. By de op besjen lizzende riedstikken leit hjiroer wiidweidige ynformaasje. Wy wolle ús no beheine ta de meast wichtige saken. 0095V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 50