-2- De winsk fan de gemeenteried, dat de Himpensermar binnen de grinzen fan it te ûndersykjen gebiet, dêr't mear wetter en natoergebieten ûntwikkele wurde sille, is oernaam. Dit betsjut fansels net, dat ynkoarten de hearringslynder dûkt op it plak van de greidefugels Wol sil no besjoen wurde, oft de natoerwearde fan dit gebiet heger leit as de útsprutsen doelstelling wat mear wetterflaktes yn de omkriten fan Ljouwert te meitsjen. Oer dizze útwreiding is al in protte skreaun en sein. Yn ús rieds- útstel fan maart ha wy skreaun, dat ek rekken halden wurde moast mei de ynfloed, dy't de roalferkaveling op dit gebiet hân hat, en noch hawwe sil. De fraksjes fan de V.V.D. en it C.D.A. wienen fan betinken, dat de ekonomyske ôfwaging ûntbruts. Wy ha besocht de plannen fan de saneamde "Blauwe zone" wat konkreter yn byld te bringen, mar wy binne ek ta de konklúzje kaam, dat sa'n ofwaging en konkrete ynfolling op sa'n koarte termyn net kin. Wol ha wy de tasizzing fan de provinsje krigen, dat nei de fêststelling fan de fisy mei sa'n útwurkingsplan úteinset wurde sil. Mei de taljochting yn de "antwoordnota", en mei de tasizzing dat wy op ús iepenst wêze sille by de útwurking fan dit plan, doare wy it wol oan ek op dit punt jimme ynstimming te freegjen. Alles oereidzjend binne wy fan betinken, dat de foar ús lizzende fisy in bydrage is yn ús stribjen, de kwaliteit fan de wen- en wurkomjouwing fan Boarnsterhim te ferbetterjen. De Bestioersoerienkomsten. It fêstlizzen fan de miening fan de gemeenterieden, en de steaten fan Fryslân sil plak fine troch de ûndertekening fan n oeri - .komst. Yn dizze oerienkomst is fêstlein de mienskiplike 7 einsje ek ta útfiering fan de plannen te kommen. Dêrnjonken wurdt fêstlein, dat it realisearjen fan de plannen barre moat troch gearwurkjen. As jim it mei ús iens binne oer de fisy, stelle wy jim út ús te machtigjen dizze oerienkomst of te sluten. De twadde oerienkomst giet oer de foarm fan it mienskiplik oerlis, it saneamde "bestuurlijk Overlegplatform". Ek dizze oerienkomst hat ús ynstimming, sadat wy jim f reeg je ús ek te machtigjen dizze of te sluten. Behannelina vn de earste en fiirde ôfdielina. Dit riedsútstel hat oan de oarder west yn in mienskiplike gearkomste fan de earste en fjirde ôfdieling. De wirhtigste opmerkings yn de ôfdieling gongen oer de proseduere fan yr.^praak, de saneamde "blauwe zone", de Burd en Warten. Yn de antwurdnota fan de stjoergroep is de gemeentlike reaksje (ynstjoerd op 5 april 1990) net neamd. Suggerearre waard, dat ús ynspanning dus om'e nocht west hat. 0095V 12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 51