-3- Ek wy fine it spitich, dat ús en ek oare gemeentlike reaksjes net as sadanich beneamd yn'e nota werom te finen binne. Lykwols, troch amtlik en bestjoerlik oerlis is ús ynbring wol mei naam. Praktysk besjoen kinne wy ús ynbring op haadlinen werom fine yn de antwurdnota. Jitris waard omtinken frege oer de gearhing fan it plan de Burd en de saneamde "blauwe zone". Foar alle dúdlikens, it projekt de Burd siet en sit yn de struktuer- fisy, sawol op kaart as by de aktiviteiten. Us opdracht oan de Grontmijfoar in fierdere planútwurking is mei it riedsútstel dan ek de stjoergroep ûnder eagen brocht. Ek wy fine it spitich, dat de konkrete ynfolling fan de blauwe zone noch net ree is. Dat de struktuerfisy no al in rem lizze sil op de ûntjouwings fan bygelyks bedriuwen yn dat gebiet is lykwols in misbegryp. Pas nei de planútwurking binne de effekten dúdlik te sjen, en pas nei de planologyske proseduere wurde, wêr't dat nedich is eventuele beheinings yn ûntwikkeling fêstlein yn in bestimmingsplan. Fansels bliuwt der sa lang as dy konkrete planútwurking der net is, ûnwissigens foar de bewenners. Krekt dêrom sille wy der op tasjen, dat mei de neie planútwurking ek op sa'n koart mooglike termyn úteinset wurdt. Fansels sille wy rekken hâlde mei de útspraak fan jimme ried, dat njonken it wen- en rekreaasjebelang ek it ekonomysk belang meiwoegen wurdt. Yn oansluting op itjinge sein is yn de riedsgearkomste fan 12 maart is it goed jitris te sizzen, dat ek de rekreative we arde fan it Prinses Margrietkanaal bewarre bliuwe moat. It meiwurkjen oan de plannen foar it Prinses Margrietkanaal sil wat ús oanbelanget dan ek der fanôf hingje. Ta eintsje beslút wolle wy noch opmerke, dat wy it antwurd sa as neamd op side 10 fan de Antwurdnota oer de lizzing fan Warten en Suwâld "enigszins ongelukkig" formulearre fine. It doarp Warten leit binnen de grirfzen fan it stêdsgewest, sa as op de kaarten oanjûn is. It ferliking mei Berltsum giet net op; dat doarp lei yn de konsept-fisy net binnen de grinzen, en is no wol opnaam. Warten kin, as de struktuerf isy oannaam wurdt dus ek mei profitearje fan de neistribbe positive ûntjouwing fan it stêdsgewest. Koart kriemd binne wy fan betinken, dat it oerlis yn de gearkomste fan de earste en fjirde ôfdieling gjin oanlieding foar ús is, it konsept-útstel oan te passen. Utstel. Yn ferbên mei it boppesteande dogge wy jimme dan ek it útstel akkoard te gean mei de Ruimtelijke- economische Ontwikkelingsvisie op het Stadsgewest Leeuwarden, sa't dit stik yn konsept oan us foarlein is en ús kolleezje te machtigjen de beide bestjoeroerien- komsten óf te sluten, ter útwurking dêrfan. Burgemeester en wethouders der gemeente Boarnsterhim, de secretaris, de burgemeester, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0095V 42

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 52