GEMEENTE BOARNSTERHIM 24. Utstel ta it beskikber stellen fan in kredyt fan 100.000,foar baggerwurk yn de Pikmar. Oan de gemeenteried. Grou, 9 oktober 1990. De Pikmar by Grou is oer it gehiel net djip genSch foar de rekreaasjeskippen. Op plakken reitsje skippen mei djipte fan in meter of mear al fêst. Ek de stegers oan de Pikmar binne troch de gruttere skippen muoilik mear te berikken. Mei de provinsje is in oantal jierren lyn dan ek in baggerplan foar de Pikmar makke. Foar dit plan is de finansiering nea run kaam, wol ha wy yn ús begrutting rekken holden mei in gemeentlike bydrage. De jierlêst fan dizze bydrage is 15.000, It like der op, dat troch sênwinning yn de Pikmar (mei elkoar fergunning foar 280.000 m3) it probleem foar in grut part oplost wurde koe. It hat ús lykwols bliken dien, dat it wurk oan dizze sânwinning stillein is. Neffens de oannimmer is in ekonomyske winning net mooglik. Omdat troch dizze sênwinning ek gruâte foardielen foar it wer op djipte bringen fan de Pikmar ûntsteane, wolle wy besykje de sênwinning wer op gong te bringen. Dizze gong kin der allinne yn brocht wurde troch in ferbettering fan it ekonomysk rindemint. Koartsein, mei wat jild derby sil de oannimmer wol wer ree wêze mei de sânwinning troch te gean. Omdat wy it fan grut belang achtsje dat de Pikmar wer op djipte brocht wurdt, f reeg je wy jim in part fan it beskikbere jild en wol 100.000,hjirta beskikber te stellen. Wy sille besykje om mei dat jild de stipe fan oaren te krijen, en sa de buis wer yn de grûn te krijen. Om't de sân leveransje oan de rykswei ta in ein rint, moatte wy tige hastich wêze. Foar mear ynhêdlike ynformaasje binne wy fan doel op koarte termyn de earste ôfdieling yn te ljochtsjen en te riepachtsjen. Wy stelle út in kredyt fan hûndert tûzen gûne beskikber te stellen foar boppeneam wurk, en ús kolleezje nei it rieplachtsjen fan de earste Sfdieling, it foech te jaan, de nedige kontrakten of te sluten. Boargemaster en wethêlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0096V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 58