-3- De hear Veldstra seit dat syn fraksje it fersyk stipet. It is goed dat hjirfoar omtinken frege wurdt. Oft der gjin ûntspanning is tusken east en west sa wurdt der trochgien mei de kearnproeven. Jildferslinen binne dy proeven. Jo moatte der net oan tinke wat der mei dat jild allegear dien wurde kinne soe yn'e tredde wrêld. Kearnproeven binnen in grutte oanslach op'e ierde en dêrom is in krêftich protest nei Minister Van den Broek ta op syn plak. De hear SBouma seit dat syn fraksje dit fersyk foar kennisjouwing oannimt. De voorzitter zegt dat het college wel ongeveer de gedachten binnen de raad kent als het om deze problematiek gaat. Het is één van de grondwettelijke rechten dat wij ons kunnen wenden tot het bevoegd gezag om onze belangen te kunnen bepleiten. In dat verlengde is het heel goed te begrijpen dat de gemeente aan de minister, die naar een conferentie gaat waar dit onderwerp aan de orde is, meegeeft dat wij er voorstander van zijn de kernproeven te verbieden. Hij vindt niet dat er gezegd kan worden dat dat geen gemeentelijke taak is omdat het een taak van iedere burger is, dus ook van de raad. Aannemen voor kennisgeving is naar zijn mening te mager en niet in overeenstemming met de mogelijkheden die de gemeenteraad heeft. Hij neemt er kennis van dat de fracties van C.D.A. en V.V.D. zouden willen volstaan met het voor kennisgeving aannemen van het verzoek. De hear Breeuwsma seit dat de Fredesgroep ek seis nei Minister Van den Broek skriuwe kin. Nummer 26. Frou Veldstra seit dat yn'e gearkomste fan 26 juny lêstlyn in fersyk fan Medium út Aldeboarn ôfwezen is. Dit fersyk wurdt wol honorearre. Se freget hokker kriteria der dan hantearre wurde. Mei oare wurden wêrom de iene wol en de oare net. Wethâlder Nieuwdam seit dat hy yn'e ôfdielingsgearkomste ek nei oanlieding fan de réaksje fan'e F.N.P. op'e wegering fan it fersyk fan Medium sein hat dat net alle oanfragen automatysk honorearre wurde sille. Elts fersyk wurdt apart besjoen ek as der noch wol in reservepotsje is. De útwikseling mei it Dútske koar is in insidentele saak en yn dat ramt hat it kolleezje dizze kar makke. It kin fansels altiten sa wêze dat dizze kar net yn oerienstimming is mei de kar fan'e F.N.P. Dat is dan net oars, in ôfwaging kin net altiten allinne mar rasjoneel beneiere wurde.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 5