-5- 3Mededelingen. Punt 6. Frou Santema freget omtinken foar it plan dat troch in projekt- groep foar it basisûnderwiis makke is. Neffens it advys moatte de basisskoallen troch gearranen fergrutte wurde tot likernôch 500 skoalgeande bern. Minimaal moatte der 250 bern op ien basisskoalle sitte. De projektgroep is fan betinken dat in basisskoalle fan plm. 500 bern ûnderwiiskundich optimaal funksjonearje kin. It like har mei dit regear sa oars te wurden. Gjin grutte besunigingen mear, seis 270 miljoen struktureel mear te ferpartsjen. It ûnderwiis hie syn bekomst fan'e oerelkoar krûpende besunigingen. De gemeenten en belangenorganisaasjes moatte op harren tellen passé. Har fraksje wol har soarch útsprekke as der harke wurdt nei dizze advyzen. Der moat no dochs einlings mar ris rest yn it ûnde rwi i s komme De voorzitter zegt dat hetgeen mevrouw Santema naar voren bracht geen directe relatie heeft met de mededeling. Het lijkt hem niet verstandig nu over het rapport te discussiëren. Alle raadsleden weten ook wel de mogelijkheden om een punt dat niet op de agenda voorkomt aan de orde gesteld te krijgen. Hij vindt het overigens verstandig eerst maar eens te kijken wat er met het advies van de projectgroep gebeurt. De hear Veldstra fynt it oer it generaal hiel teloarstellend dat alles mar ôfwezen wurdt. Oangeande De Finne yn Warten hopet hy dat it slagje mei hierfergoeding te krijen foar de tydlike oan- as nijbou. Ut it riedsútstel is net dúdlik hoe't it no krekt yn Akkrum komme sil. Wethâlder Bloem seit dat sy dat ek graach witte wolle soe. Spitigernoch hat de steatssiktaris de behannelingstermyn ferlengd. It is dus sa dat wy oant oktober wachtsje moatte op de beslissing. It is teloarstellend dat de oanfraach net honorearre is yn it ramt fan'e húsfestingsfoarsjennings. It is oan'e oare kant in goede saak dat der yn it ramt fan it dislokaasjebelied noch mooglikheden binne. Punt 7. De hear GBouma seit dat no it ferfolch fan'e riedsgearkomste fan 26 juny oan'e oarder is. Yn'e earste ôfdieling hat hy op'e nij konstatearre dat, nettsjinsteande dat der goede ynformaasje jûn is en dat der hurd oan wurke wurdt en dêr hat hy nea oan twifele, der oan it krusiale punt sa't hy dat yn juny sinjalearre hat neat dien wurde sil. 0096V 5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 7