-6- Hy wol besykje op'e nij út te lizzen wêr't it neffens syn fraksje skeef sit. De foarsitter hat op 26 juny sein dat as in boarger yn in neidielige posysje is de oerheid pas oansprutsen wurde kin as de oerheid skuldich is oan ferwytber hanneljen. En dat is hjir no krekt it gefal. It kolleezje en ek de rie kize foar in lang trajekt foardat bestjoerstwang tapast wurdt. Dy soarchfâldichheid wurdt sa tinkt hy troch de hiele ried ûnderskreaun temear omt de gemeente oars by de earste de beste proceduere ûnderút gean soe. Al by it begjin fan it yn gong setten fan dizze lisplakken- feroardening wie yn te skatten wannear't ta útfiering fan dy bestjoerstwang oergien wurde koe. Nettsjinsteande dat is der hannele sa't der hannele is. Ien ding is net goed gien. Omt absoluut net kontrolearre wurdt wa't al dan net reagearret op it brief fan de gemeente en omt fantefoaren dúdlik wie dat der ek net bestraft wurde sil is der de yndruk wekt dat de oerheid hanneljen giet wylst dat feitlik ynhaldlik net de bedoeling west hat. Dêrtroch ûntstiet in skeve sitewaasje. Der kin yn dit gefal gjin ferliking makke wurde mei in automobilist dy't troch it reade stopljocht rydt. Yn dat gefal giet it om in ôfkundige maatregel dêr't ek de sanksjes fan fêststeane en útfierd wurde. Yn it gefal fan'e lisplakkenferoardening is der wol in maatregel ôfkundige mar der is net ôfpraat dat ek konstatearre wurde sil oft immen ferkeard leit en der sil seker noch gjin bestjoerstwang tapast wurde. Der bliuwt foar syn fraksje mar ien ding oer en dat is it rjochtsgefoel oerein hélde en tagelikertiid it tawurkjen nei de doelstelling en dat is de útwurking fan'e lisplakkenferoardening. Der kin mar ien konklúzje wêze en dat is it útstel om boat- eigenaren dy't oantoane kinne dat se betelle hawwe yn 1990 fersykje harren te melden oantemei 1 jannewaris 1991. Oan dy minsken sil dan it jild werombetelle wurde. Hy giet derfan út dat nei 1 jannewaris 1991 we safier binne dat én de lisoevers der binne én dat de bestjoerstwang effektyf wêze kin. De hear SBouma seit dat it syn fraksje dochs fernuvert dat de P.v.d.A.-fraksje wer mei it útstel ta werombeteljen komt. De lisplakkenferoardening wurdt ús min of te mear opdrongen troch de provinsje en de útfiering kostet in hiele hoop tiid. Alles is der no op rjochte om foar de ein fan it jier de útfiering rûn te hawwen. Om dan no samar ta werombetel jen oer te gean giet him te fier. De boargerlike dôfhûdichheid dy't hjir meispilet kinne we net mar gewurde litte. Der moat fanút gien wurde dat ek dy minsken betelje. Foar it rjochtsgefoel is it ek folie better dat dy boaten der weisleept wurde. Om de minsken dy't al betelle hawwe wat yn'e mjitte te kommen fynt hy dat dy in foarkarsbehanneling hawwe moatte by it kiezen fan in plak yn in haven. As dat noch net genôch is kinne se ek noch f rij skatten wurde fan it betel jen fan in part fan it lisjild takommen jier. 0096V 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 8