-11- Wethouder Aukes zegt dat er veel overleg is met de werkgroep Jirnsum en dat is een goede zaak voor de totstandkoming van het plan voor de dorpsvernieuwing. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 18. VtStSli£fêstStellgnfan de "Ruimtelijke-economische Ontwikkelinasvisie op het stadsgewest Leeuwarden" en de nediae bestioersoerienkomsten dêrfoar. De hear S. Bouma seit dat it hjir om in globale fysie giet. Syn fraksje wol graach witte hoe't de ynfolling fan'e blauwe zóne eksakt útwurkje sil. Hy wol ek omtinken freegje foar de agraryske kultuergrûn. Der moat hiel hoeden mei omgien wurde. It finansjele aspekt is men noch net út. It soe in bydrage de ynwenner wêze kinne of nei gelang it tal kantemeters. It léste hat syn foarkar, dat jout hy graach mei. Syn fraksje sjocht mei belangstelling út nei de fierdere ynfolling fan'e plannen. Hy hopet middels de ôffurdiging yn'e wurkgroep in bydrage te leverjen oan'e kwaliteitsferbettering fan it wenjen en wurkjen yn ús gemeente. De hear Breeuwsma seit dat der ek al yn'e ôfdieling ynkringjend praat is oer dit ûnderwerp. Dér is wol eat oer te finen yn dit útstel. Hy beklammet dochs noch in ünrêstige gefoel fan» sûnder ús en oer ús. Hy hat dyselde ûngerêstens ek merkbiten by it lânbouskip. Hy fynt it útstel fan it kolleesje hiel summier en net fol- dwaande, jo kinne der noch alle kanten mei út. Dit kin eins sa net of it moat sa wéze dat de tasizzing der is dat der yn earste ynstansje sûnder oerlis mei de rie net oan'e Wergeastermar kommen wurde sil. As dat der net dúdlik útkomt sil syn fraksje tjinstimme. De hear GBouma sprekt út namme fan syn fraksje betrouwen út oangeande de oerienkomsten en it útstel ten oansjen fan it Stêdsgewest Ljouwert. Yn'e ôfdieling is dúdlik wurden dat de details noch net útkristallisearre binne en dy fragen binne no net oan'e oarder. Mar de line is wol dúdlik. It giet om it fersterkjen fan de regio rûnom Ljouwert. De gefaren dat dat op kosten gean sil fan it oare part fan ús gemeente binne genôch ûntkrêftige. De positive kanten fan it dielnimmen oan it Stêdsgewest hawwe de oerhân benammen as it giet om it realisearjen fan foarsjennings dêr't we oars net foar yn oan- merking komme soene. Yn dat ljocht sjocht syn fraksje graach de útstellen temjitte, temear omt bliken docht dat de gemeente it léste wurd hat as it oer syn grûngebiet giet. Fandêr ek de ynstimming mei de bestjoersoerienkomsten. Yn de tekst fan it útstel steane sokke dúdlike útgongspunten ferwurde oangeande ûnder oaren De Burd, it P.M.-kanaal, de Himpenser- en de Wergeastermar dat it neffens him hiel goed is dizze tekst in protte gewicht ta te kinnen. 0099V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 13