-15- 19. Vooratel tot het beschikbaar stellen van een krediet ten behoeve van herstel van de verzakking in de J.W. de Visserwei. De hear Renia seit dat syn fraksje it tige op prils steld en dat it trouwens ek nedich is dat dit oanpakt wurdt. Hy hopet dat it mei it each op glêdens ensafuorthinne noch foar de winter klear kin. Hy freget dat as de dyk opknapt wurdt ek de oarsaak oplost is. Oars moatte we takom jier wer. Is it net sa dat dizze fersakking in soad te krijen hat mei it ferleegjen fan it grûnwetterpeil by de ruilferkaveling. It liket him goed dêr doch ris oer te praten mei de ruilferkavelingskommisje sadat dy mooglik ek in part fan'e kosten betelje kin. De hear Van der Baan seit dat yn it útstel in tal oarsaken foar it fersakjen neaind wurde. Sûnder te sizzen dat al dy oarsaken ta de ûnmooglikheden hearre wol hy derop wize dat der altiten al droege s immers west hawwe en dat de beammen der ek al jierrenlang steane. Peilferleging kin seker wol ynfloed hawwe mar net op dizze wize. Peilferleging soe liede ta in lykmjittige sakking fan in totaal gebiet. Hy fynt it frjemd dat it kolleezje in mooglike en neffens him foar de hân lizzende oarsaak net neaind nanonentlik de gaswinning. Yn moasjes hat de rie earder syn ûngerêstens útsprutsen oer de mooglik skealike gefolgen fan de gaswinning yn dit gebiet. By de provinsje is oantrune op maatregels datoan- geande en op ündersyk. Der is ek oantrune op in goede skearegeling mei omkearde bewiislêst. Boppedat hat de sitewaasje yn dit gebiet oanlieding jûn ta it stellen fan fragen yn'e Twadde Keamer. It hie foar de hân lein dat it kolleezje hjir fierder op borduerde en bring dit fenomeen ûnder de oandacht fan dyselde provinsjale ündersykskommisje, want dizze daling en skea oan de wei stiet net op himsels. By Delfts ündersyk opset troch de Wurkgroep gaswinning Boarnsterhim die bliken dat yn it ferlingde fan dizze wei meardere depresjes yn it lên foarkonone. Dy depresjes rinne ûnder mear ûnder in pleats troch en feroarsaakje safolle skea dat alle jierren wer oan reparaasjes needsaaklik binne om de pleats oerein te hâlden. As it kolleezje it ferslach fan'e Delftse universiteit ynsjoen hie dan hie it kolleezje witte kinnen wat der oan'e hân is. It is spitich dat dêr gjin omtinken oan jûn is. De wurkgroep fynt it net allinne in teloarstelling mar ek in ûndergraving fan de opset om te kommen ta in stik bewiisfiering. It kolleezje docht krekt as is it de gewoanste saak fan'e wrêld dat hjir soks bart. Foar de F.N.P. bliuwt de fraach oft reparaasje foldwaande wêze sil. Barst moat dúdlik wêze oft it net in weromkommend ferskynsel is. De ûnderf inning wiist út dat dy sakkings f aak wer op'e nij komme. Hy wiist der ek op dat dit ferskynsel him net allinne foardocht by Grou mar ek yn Drinte en Grinslên. It stekt him dat der wat gnizerich oer dizze saak praat wurdt, hy soe wolle dat der serieus op yngien wurdt. Hy freget hoe't it kolleezje oan sa'n heech bedrach komt foar sa'n lyts part fan'e dyk. 0099V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 17