-3- Dit kan de P.T.T. zich permiteren, omdat ze zich in een mono polie-positie bevindt. Oe hear Renia seit dat hy dochs wat sizze wol oer dizze sis mar "kamerbrede" moasje. De biele rie en ek de ynwenners fan Akkrum binne fan betinken dat wat de P.T.T. no docht hielendal net kin. It raast oan'e protters. It tal hannelingen yn it postkantoar fan Akkrum nimt noch hyltiten ta. De iepeningstiden binne ferromme en der binne mear minsken oanlutsen omt it wurk te dwaan. En dan wurdt fan de iene op de oare die it kantoar sletten. Wat hjir oan'e gong is is in stik ferskraling fan it plattelan dêr't net genôch tsjin protestearre wurde kin. Der ferdwynt saakkundigens en wurkgelegenheid. Wat him it meast tsjinstiet is it feit dat de P.T.T. in monopoalje- posysje hat en dat jo dus as jo it earne net mei iens binne net nei de de konkurrint tastappe kinne. Der mei, fynt hy, dan no ek wol dúdlik sein wurde wêr't it op stiet omt dizze stap fan'e P.T.T. folie fierder giet dan dat it op it qarste gesicht liket. De hear Breeuwsma hoecht der net folie oan ta te dwaan wat de hear Renia seit omt hy it dêr wol mei iens is. Hy fynt it in hiel goede saak dat der no in moasje leit dy't troch alle 4 fraksjes stipe wurdt. Hy is bliid dat de P.v.d.A. fan'e gedachte werom kaam is om allinne in moasje yn te tsjinjen. It is goed om it mei-elkoar te dwaan. Hy freget wêr't de moasje hinnestjoerd wurde sil. Hy kin him yntinke dat der ek in skriuwen nei Deputearre Steaten giet om mooglik yn provinsjaal ferbên aksje te ûndernimmen. Hy tinkt dat dat better oerkomt dan dat útsein Boarnsterhim in moasje oan'e P.T.T. Post B.V. stjoerd. Der moat ek neigien wurde hoe't der op'e béste manier mei de P.T.T. oerlein wurde kin. It is bekind dat ek foar gemeentlike saken minder gebrûk makke wurdt fan'e postkantoaren en it kolleezje is sjoen de konseptbegrutting fan doel 4.000,fan it bedrach dat oan'e P.T.T. betelle wurdt of te heljen. Der moatte dus goeie arguminten nei de P.T.T. ta komme sadat dy gjin grûnen mear hat om ta sokke hannelingen oer te gean. De hear Van der seit dat de P.N.P. al mear as fjouwer wike lyn der foar warskôge hat dat de P.T.T. fan doel is kantoaren te sluten. Der moat no konstatearre wurde dat dy warskôging om'e nocht west hat. Akkrum is no it slachtoffer wurden fan de diedendrang fan'e P.T.T. om safolle mooglik jild te fertsjinjen mei in behyplike tsj instferliening. De P.T.T. soe neffens de F.N.P. in tsjinstferlienende ynstansje yn optima forma wêze moatte. Mar spitigernôch leit it oars. De ynnimmende Tante Pos fan eartiids is feroare yn in fekke. Se is privatisearre en hat it koöperative ferfongen troch eigenbelang. Dy materialistyske tinkwize hat de P.T.T. makke ta in klant- ünfreonlik bedriuw. It docht him deugd dat de P.v.d.A.-fraksje as earste mei in moasje kommen is. Foar it earst seis foar de F.N.P. syn fraksje fynt dat der besocht wurde moat sluting fan it postkantoar tefoaren te kommen. Troch dizze moasje sil de P.T.T. witte dat we dit net nimme. 0099V 3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 5