-8- De hear Breeusma fynt dat de 117.000,ôfboekt heart te wurden yn dizze rekken. Hy makket der in útstel fan, lykas fan it feit dat de brêge taskood heart te wurden oan Biensma. Der is destiids 480.000,opnommen foar mooglike tsjinfallers en dat bedrach heart yn sokke gefallen earst brûkt te wurden. Frou Santema seit dat foar har fraksje der in dúdlike relaasje leit tusken de brêge en Biensma. Se stelt út it nei Biensma ta te bringen en letter rjochting grûnbedriuw. De hear Van der Baan stipet de utstellen fan de hear Breeuwsma. De voorzitter schorst om 20.35 uur de vergadering voor overleg. Hij heropent de vergadering om 20.50 uur en geeft het woord aan wethouder Bloem. Wethêlder Bloem seit dat foar de rioalbelesting in soarte begrutting makke wie fan 730.000,plus ûnfoarsjoen 90.000,--. Sa is de rûzing fan'e opbringsten op 820.000,kommen. No docht bliken dat fan ûnfoarsjoen mar 50.000,nedich is en dat héld yn dat dat takom jier minder trochwurkje sil. De reservearring hie dus eins net nedich west. Dan de utstellen oangeande de bestimming foar it oerskot fan'e rekken fan 1989. Se is der net fan oertsjûge dat de brêge oer de Rjochte Grou op kosten fan Biensma brocht wurde moat as it grûnbedriuw. It liket wol oantreklik om sa mear romte te krijen yn it oerskot, mar se fynt it noedlik it grûnbedriuw ekstra te belêsten. Datselde jildt foar Biensma. Doe't oer Biensma praten is is de brêge der net yn behelle, dêr wiene redenen ta. Der is yn elts gefal besluten dat net te dwaan om de priizen yn Biensma net op it jeien, wêrtroch de eksploitaasje minder rendabel wurde soe. Wat dat oanbelanget lizze de kaarten der noch itselde hinne. Ek it útstel om de brêge op kosten fan it grûnbedriuw te bringen kin sy net stypje. We binne no krekt in tal jierren dwaande it grûnbedriuw wer sûn te meitsjen en eksploitaasje opsetten moatte harrensels bedrippe. Dêrom hat sy der muoite mei saken dy't yndirekt it grûnbedriuw reitsje dochs deryn te bringen. De mearderheid fan it kolleezje nimt de utstellen fanút de rie net oer. Wethouder Aukes vindt dat er in feite een relatie ligt tussen de brug en Biensma en indirect het grondbedrijf. Zij stelt dat het grondbedrijf momenteel een reserve heeft van 2 miljoen. Zij ziet meer verband tussen brug en Biensma en het grondbedrijf en zij steunt het voorstel de brug af te boeken van de reserve van het grondbedrijf. De ruimte die zo ontstaat kern dan gebruikt worden om de 117.000,af te dekken. 0101V 8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 10