-9-
Wethâlder Bloem seit dat yn desimber it Sfdekken fan de
117.000,oan'e oarder komme sil. Op dat stuit is der genôch
dúdlikheid oer de romte dy't der yn de rinnende begrutting sit.
Dy romte is nei har betinken grut genôch om de 117.000,út
te beteljen.
De voorzitter stelt voor eerst te stemmen over het voorstel van
het C.D.A.ondersteund door de F.N.P. om de brug over de
Rjochte Grou ten laste te brengen van de reserve van het grond
bedrijf. De vrijvallende 127.000,kan dan gebruikt worden
voor het afdekken van de 117.000,
Frou Faber seit dat it eins skowen mei posten is. Sy fynt it
dochs suverder it útstel fan de mearderheid fan it kolleezje te
stypjen. As de brêge ûnder Biensma fait hie dat direkt dêryn
meinommen wurde moatten. Se hat ek it gefoel dat it grûnbedriuw
net sa gekke folie mear ferneare kin. No't wethâlder Bloem sein
hat dat der yn desimber in dekking komme sil foar de
117.000,stipet se it utstel fan it kolleezje.
Na gehouden stemming over het voorstel van het C.D.A. blijkt dit
met 9 stemmen vóór en 7 tegen te zijn aangenomen.
Tegen hebben gestemd de leden Bethlehem, Bloem, G. Bouma, Faber,
Nieuwdam, Veldstra en Renia.
Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform de rest van
het voorstel besloten.
7Voorstel tot voorlopige vaststelling van de rekening 1989 van
het gemeentelijk grondbedrijf
De hear Renia seit dat it grûnbedriuw in jiermannich in grutte
bongel oan'e poat west hat. Der is minstens in jier as 4 op
j ierbasis sa'n 7 a 8 ton út'e algemiene tsjinst ynstoppe. Twa
kear is der yn totaal 13 miljoen ynstoppe (1985 en 1988).
It grûnbedriuw kin him dan no seis bedrippe. Mar it is fansels
noch net sûn. As der oer ferline jier in tekoart is fan in
miljoen binne der noch wol soargen.
Hy tinkt dat dit tekoart feroarsake is troch in net slutende
eksploitaasje yn it ferline en hy hopet dat we hjir net wer foar
komme te stean. Hy nimt ek oan dat de eksploitaasje-opsetten
dy't hjoeddedei draaie sa draaie dat ferliezen útsluten binne.
Hy hat begrepen út it accountantsrapport dat men him der wat
soargen makket oer it net op'e tiid bystellen fan'e berek-
keningen fan grûnpriizen en eksploitaas je. Der soe noch wat oan
barre moatte en hy hopet dat dat oppakt wurdt. Hy hat ek noch in
fraach oer de formule dy't betocht is om de ferliezen net heger
oprinne te litten, it saneamde ofboeken. Dêrnei is it wol
prachtich om grûn tsjin ôfboekwearde te ferkeapjen mar soe der
wêr't it kin net wurke wurde moatte mei de ekonomyske wearde,
dan kin der ek wat weromfertsjinne wurde.
De hear Breeuwsma is it iens mei de hear Renia. It wurdt der de
leste tiid net makliker op om de eksploitaasje slutend te krijen.
It kolleezje moat dêrom hiel alert wêze. It is miskien wol
better sa gau mooglik grûn te ferkeapjen. In hiel aktyf, miskien
wol aggressyf belied is op syn plak.
0101V 9