-10-
De hear Van der Baan seit dat fêststeld wurde moat dat it grûn-
bedriuw yn in sitewaasje is fan grut alarm. It docht nammentlik
bliken dat der 8 ton tefolle ferlies is. Der is in dekking foar
takomstige tekoarten mar we kinne mar 2 ton ôfdekke as it út'e
rinten weihelle wurdt. Der bliuwt dus fan it miljoen ferlies 8
ton oer. Op dit stuit is it wol sa dat de accountants ús in
spegel foarhâlde dêr't yn steld wurdt dat in dúdlike opset fan'e
administrative organisaasje noch ûntbrekt.
De ynterne ynformaasjefoarsjenning is net foldwaande. It wurdt
dan wol yn it organisaasje-ûndersyk meinommen mar der binne noch
gjin risseltaten fan bekind. Yn wezen betsjut dit dat de
ynformaasje net doocht. It is wol sa dat de hiele gemeente op
dit grûnbedriuw driuwt. Hy stelt dat der dus op dit stuit gjin
goede beslissing mooglik is.
Hy freget it kolleezje op hokfoar termyn wol goede ynformaasje
foar hénnen is. Dat wurdt wol heech tiid want al jierren liede
we hyltiten ferlies op it grûnbedriuw. Hy makket him soargen oer
it feit dat der gjin eksploitaas je-opset fan it bedriuwenterrein
Biensma is. Der is wol in heal miljoen reservearre, mar it is de
fraach oft dat wol genôch is. By Biensma wurde dus de saken ek
wer mei de eagen ticht Sfhannele. As der net neigien wurde kin
hokfoar ferlies der te ferwachtsjen is wurdt der in belied fierd
mei in blyndoek foar. Hy konstatearret dat dat net ferantwurde
is. Foar oare kompleksen jildt dat dy berekkene binne op
ferâlderde ramingen. Ek dat sil bysteld wurde moatte. It hinget
no fan it kolleezje of hoe't it yn'e takomst komme sil. Sa't it
der no foarstiet giet syn fraksje net akkoart mei it útstel,
want we rinne sa in djip gat yn.
Wethâlder Bloem seit dat it boeiend is om nei it foarige útstel
der no oer te praten hoe sûn it grûnbedriuw eins is. Se is it
hielendal net iens mei de hear Van der Baan as it giet om de
goede ynformaasje. It grûnbedriuw hat yndied in grutte bongel
oan'e poat west. Ek dit jier is der in miljoen nedich om de
tekoarten te dekken. Hoe't it yn'e takomst rinne sil hat in sood
te krijen mei de discipline dy't we opbringe kinne by it fêst-
stellen fan eksploitaasje- en bouprizen. As dêr al te krap mei
omgien wurdt, binne de risiko's grutter. Yn'e rekken wurdt hiel
dúdlik oanjûn hokfoar kompleksen aktualisearre wurde moatte. Se
is it mei de hear Renia iens dat by de ferkeap fan ôfboekte grûn
de ekonomyske wearde hiel goed yn it each halden wurde moat. In
aktyf grûnbelied wurdt, tinkt sy, wol deeglik oppakt. De
accountants tsjutte op'e administrative organisaasje en benammen
is harren net dúdlik hoe't de linen krekt rinne. Se tinkt dat it
goed wêze kin in dúdlik skema te meitsjen oangeande de
ferantwurdlikheden dy't der binne, al binne har de linen wol
dúdlik. It kolleezje sil ris neigean oft it ek mooglik is
kompleksen flugger te aktualisearjen. Se fielt der mear foar dy
kompleksen oan te pakken dêr't it mooglik mis rint en it net
yntegraal te dwaan. Se hat begrepen dat der foar Biensma in nije
berekkening folget. Se wol der noch wol op wize dat der dan wol
in beslút oer Biensma yn 1989 nommen is mar dat der pas in 1990
hannelingen plakfûn hawwe.
0101V 10