-12- De kommisje wol leaver noch dit jier begjinne, wol it swimbad yn maaie wer iepen kinne. Wannear tinkt it kolleezje it plan út te fieren. Is de reservearring yn it ûnderhâldfûns tarikkend om de lange list fan it grut ûnderhâld fan'e Twine óf te wurkjen. Se is ek tige benijd nei de gong fan saken oangeande in nije behearsfoarm. Eins soe der foar de behanneling fan'e begrutting in dtstel fan it kolleezje komme moatte. Wethâlder Nieuwdam seit dat bekind is dat der in achterstan yn ûnderhâld by de Twine is. Dat wurdt benammen feroarsake troch gedingen dy't noch oan'e gong wiene en wêrfan de útslach ôfwachte wurde moast om te witten te kommen wa't it betelje moat. Fanút it amtlik apparaat is men dwaande i ynventarisaasje te meitsjen fan wat no barre moat. Hy wit cat alle war dien wurdt om oarder op saken te stellen binnen ek de finansjele mooglikheden dy't der binne. We sille noch efkes geduld hawwe moatte foardat der wat bart. We kinne net izer mei hannen brekke. Hy ferwiist wat de oare behearsfoarm oanbelanget, nei it útstel oangeande Seal 300. Hy wit dat ek der net in antwurd jûn wurdt op de fraach fan frou Veldstra mar it punt is noch net beslisryp. It liket him net goed oer dy nije behearsfoarm no in diskusje te starten. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. Voorstel tot het afwijzen van de subsidie-aanvraag voor de cursus beroepenoriëntatie arbeidsongeschikten. De hear Veldstra seit dat syn fraksje it iens is mei it útstel. Hy freget wannear't it Regionaal Bureau Arbeidsvoorziening him bûge sil oer it probleem om oardering oan te bringen yn de soad ynisjativen foar wurksykjenden. Soe Foarwurk yn dizzen ek in taak ferfulle kinne. Wethêlder Bloem tinkt dat it dúdlik wêze moat dat der in tal ûntwikkelingen op it mêd fan scholing foar minsken sûnder wurk is. Yn ús gemeente is Foarwurk de útfierende ynstansje. It is sa dat der op dit stuit in wirwar fan organisaasjes is. Der binne ek tal fan subsydzjemooglikheden en regelingen. It Regionaal Bureau Arbeidsvoorziening wol wat mear line krije yn'e folie ynisjativen. It is terjochte om it dêr del te lizzen. Der sil takom jier lykwols noch net folie fan te merken wêze, al giet it 1 janne- waris yn. De plannen wurde foarearst wol makke op basis fan it alde belied. Yn'e maitiid sil besocht wurde noch wat om te bûgen yn'e rjochting fan'e nije partners. Mooglik sil in Foarwurk yn'e útfiering ek in rol spylje kinne. It is yn elts gefal in goede suggestje fan de hear Veldstra. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 0101V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 14