-13-
Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet ten behoeve
van de voltooiïna van het organisatie- en heroriënterincrsonder-
zoek.
De hear Renia moat sizze dat der in hiel wiidweidich en ek wol
dúdlik útstel makke is. Al lezend tocht hy dat it grutte tal
slimme wurden ek wol ynhâlde sil dat it in djoer ûndersyk wêze
sil. Dat docht dan ek wol bliken yn'e leste alinea.
Der wurdt twa ton frege en der wie alris 3 ton beskikber steld,
dat makket in heal miljoen. Dat is dan allinne moai foar Vos en
Thijssen, de kosten yn ús eigen amtlike apparaat moatte der noch
by.
Sa'n ynvestearring moat wol hiel wat risseltaat opsmite en dat
liket him foar bestjoer en apparaat in swiere sile om te lûken.
Men moat him derfan goed bewust wêze. Moat it dan mar net?
Doe't him fan'e maitiid ferteld waard dat der noch in pear ton
op't kleed komme moast omt men dan einliks dwaan koe wêr't men
foar ynhierd wie, hat hy wol ferheard opsjoen. We hiene ommers
it buro Vos en Thijssen, yn'e earmen nommen omt we finansjeel
fêstrûnen. It takenpakket soe trochljochte wurde om te sjen oft
it wurk ek oars ferinne koe om sa romte te finen. De weroriën-
taasje, in wurd dat hast in synonym wurden is foar: it kin noch
net, mar aanst miskien wol. En mei dy weroriëntaasje soene we no
noch begjinne moatte. Wat, sa freget hy him of, is der dan yn'e
tuskentiid bard? Hy moat sizze dat it kolleezje en Vos en
Thijssen dat wol dúdlik makke ha. De DIA-fase is, mei op fersyk
fan'e amtners, nochal breed wurden. In grut tal ferbetterpunten
is oandrûgen en dêrta binne in 100-tal saneamde oanfalsplannen
opsteld. Dat hat in betingst west om te kommen ta de weroriën
taas je. Mar as der dan sa'n grut oantal ferbetterpunten en
oanfalsplannen troch it bestjoer en it apparaat oanpakt binne,
binne we dan ek net by steat en meitsje seis it ûndersyk ôf. We
wurde ommers krekt troch Vos en Thijssen holpen om ús seis te
reden. Ek op dizze fraach hat hy in ridlik antwurd krigen. In
grut tal saken kinne we seis oan, foar sa'n 10% in stipe nedich.
Benammen wat de foarmaasje-ûndersiken oanbelanget wol him dat
wol oan. Fierders sil de eigenlike weroriëntaasje begelaad wurde
moatte. Fan'e kant fan kolleezje en apparaat wurdt oanjûn dat
men graach it hiele ûndersyk ôfmeitsje wol. It is fansels ek sa
dat heal wurk gjin wurk is.
Syn fraksje is dêrom ek fan betinken dat it trochgean moat. Mar
in oantal kanttekens. Yn it foarste plak moat it sa wêze dat der
aanst risseltaten merkber binne, yntern sawol as ekstern. Der
moat waar foar it jild komme. Yn it twadde plak moat it net sa
wêze dat we noch oant de ein fan 1991 ta te hearen krije dat
saken net kinne as net rinne fanwegen de weroriëntaasje.
Fansels, soks kin him foardwaan benammen yn it besteegjen fan
jild foar nij belied. Mar as it heal kin moat it gewoane wurk
hielendal trochgean.
De weroriëntaasje moat gjin soarte fan kurare wêze, dy't in
algehiele ferlamming opropt. Yn it tredde plak de ideeën
oangeande de strategyske fisy. Dêr sil in tinktank fan buten it
gemeentehûs foar komme. Hy wiist der op dat de rie der sit op
basis fan in fisy dy't fêstlein is yn'e ferskate partijpro
gramma's dy't opsteld binne troch de ynwenners fan dizze
gemeente en dêr't de ynwenners harren demokratyske stim oanjûn
hawwe.
010IV