-15-
De hear SBouma seit dat der yn earste ynstansje trije ton
útlutsen is foar de weroriëntaasje en syn fraksje wie dêr flak
foar. Mar der wurde dan ek wol risseltaten fan ferwachte en as
dat net sa blykt te wezen is dat wol eat om goed, oer, wat der
allegear misgien is, nei te tinken. Ien fan de oarsaken wie dat
it M.T. de kar noch net lûke koe en dat der dochs noch eksterne
help nedich is. Yn in wurkgearkomste fan'e rie is in protte
dúdlik wurden.
We sille fierder moatte om it ûndersyk ta in goed ein te
bringen. Dat der in protte jild ynstoppe wurdt is wol goed mar
der moat ek wol goed sjoen wurde nei it personiel, wat dy wolle
en oft dy wol wurkje kinne yn in nije organisaasje.
Al mei al is der al, mei dizze twa ton 570.000,yn'e
weroriëntaasje stutsen mar as der straks útkomt wat der fan
ferwachte wurdt is it dat jild wol wurdich. De oandachtspunten
dy't de M.Z.C. nei foaren brocht hat kin syn fraksje
ûnderskriuwe
Under oaren dat it einpunt goed formulearre wurde moat is tige
wichtich.
Syn fraksje is dan ek ree om twa ton beskikber te stellen. Der
sil nei ferrin fan tiid wol evaluearre wurde moatte net troch
Vos en Thijssen mar troch bûtensteanders dy't mei in frisse blik
der tsjinoan sjen kinne.
As nei de reorganisaasje de organisaasje noch net sa rint as
ferwachte wurde moat dan sil der ris praten wurde moatte oer
persoanlike konsekwinsjes.
De hear Van der Baan seit dat de F.N.P. yndertiid nochal
oantrune hat op in ûndersyk. Syn fraksje hat beswier hân tjsin
it buro Vos en Thijssen.
Hy stelt no dat it buro dochs mei in ferslach komt en op in wize
dwaande is dêr't hy respekt foar hat.
No't de útslach nochal negatyf útfalt krijt men gau de neiging
dejinge dy't it boadskip bringt te beskuldigjen.
Hy fynt dat de saak reëel besjoen wurde moat. It wurdt no tiid
maatregels te nimmen. It is fan belang dat it buro Vos en
Thijssen trochgean kin mei harren wurk. Syn fraksje hat lykwols
in pear betingsten. De rapportaazje fan it kolleezje nei de rie
ta hat de leste tiid minimaal west.
Dêrtroch mist de rie dat ynsjoch dat needsaaklik is om de goede
ynskatting te meitsjen. Hy wol fan it kolleezje witte hoe't dêr
wat oan dien wurde sil. Hy fynt it spitich dat hy de saneamde
guick-scan net sjoen hat. Hy wol dat lykwols net as brekpunt
jilde litte.
Syn fraksje fynt dat der op dit stuit en dan wol op koarte
termyn al ynterne maatregels nommen wurde moatte.
Dyjinge dy't dy maatregels nimme moat moat wol alle stipe fan it
kolleezje hawwe. Soe dat net slagje dan soe op den doer miskien
in interimmanager oansteld wurde moatte.
Wethâlder Nieuwdam is bliid mei de wiidwiedige réaksje fan'e
rie. Hy konstatearret dat der oangeande de fuortgong fan it
ûndersyk net de measte ynformaasje nei de rie tagien is. Hy seit
dat it kolleezje dat ûnderkint en der nei tawurkje sil de rie
folsleiner yn it ûndersyk te beheljen. Dat sil net allinne
ienrjochtingsferkear fanút it kolleezje wêze mar de rie sil
diedwurklik meidwaan kinne yn lyts ferbên.
010IV