-16-
De tiid is foarby dat de rie allinne mar ôfwachtsje hoecht. It
stik jout oan: "de pas jent libbet noch". It kolleezje is net
blyn foar de earnstige sitewaasje dêr't de organisaasje yn sit.
Hy tinkt dat it tige wichtich is no fierder te gean mei de
behanneling. Hy kontatearret dat de rie yn grutte linen ree is
mei it kolleezje dit fierdere ûndersyk oan te gean. Dat is ek de
winsk fan de M.Z.C. We moatte no sa oan it wurk dat de
risseltaten yn'e organisaasje sichtber wurde.
De hear Renia hat frege om merkbere risseltaten. Der hat hy al
it ien en oar oer sein. We moatte ek meielkoar der foar soargje
dat der mei faasje oan it wurk gien wurde sil.
Dan moat net fergetten wurde dat guon dingen miskien net troch-
gean kinne mar oer it generaal moatte we de taak fan de gemeente
nettsjinsteande de weroriëntaasje, goed foar eagen hâlde en
útfiere.
It is fansels sa dat der in kolleez jewurkprogram leit dat
oanjout, hoe't der tsjin it funksjonearjen fan'e gemeente
oansjoen wurdt. It kolleezjewurkplan hat lykwols syn beheiningen
en yn it ramt fan dit ûndersyk en ek om eltsenien sjen te litten
wêr't dizze gemeente eins hinne wol sil der in fisy komme moatte
dy't oanstjoerd wurdt fanút alle lagen fan'e befolking. Mei oare
wurden, minsken fan buten de organisaasje sille meiprate kinne
oer hokfoar fisy dizze gemeente hawwe moatte soe. It kolleezje
hopet dat der binnen ridlike tiid in ferhaal is dêr't yn stiet
wêr't we hinne sille mei Boarnsterhim, en wat de prioriteiten en
doelstellingen binne. Dat is fral hiel wichtich foar de fierdere
ûntwikkeling fan plannen yn it ramt fan it undersyk.
Hy fynt it tige spitich dat de hear Breeuwsma stopje wol mei it
undersyk.
As der sa dúdlik konstatearre wurde kin dat der noch hiel wat
barre moat yn'e organisaasje dan is it spitich dat der steld
wurdt mar op te hélden omt it sa'n protte jild kostet.
De M.Z.C. is hiel dúdlik yn syn brief fan 5 novimber. Dêryn
wurdt oanjûn wêr't de knyppunten lizze.
De M.Z.C. jout ek dúdlik oan wat hy yn'e takomst ferwachtet fan
it undersyk.
De oandachtspunten fan'e M.Z.C. binne hiel wichtich. It jout ek
oan dat de M.Z.C. hiel kritysk mar wol konstruktyf meitinke wol
yn dit ûndersyk.
Hy wol no net ynhêldlik op'e quick-scan yngean. Ynkoarten wurdt
der mei de rie in gearkomste Sfsprutsen om dêr oer te praten. De
fraach fan frou Van den Berg oft de goeie popkes op'e goeie
plakken sitte lit hy foar wat it is.
Hy is bliid dat de skepsis fan'e F.N.P. tsjin Vos en Thijssen
oer omslein is yn respekt foar it wurk fan it buro en hy sil dat
ek trochjaan oan Vos en Thijssen.
De hear Breeuwsma fernimt dat de oare riedsleden wol achter it
útstel steane. Hy bliuwt lykwols fan miening dat it him swier
op'e mage leit dat der wer safolle jild hinne moat.
Sa'n 16.000,op jierbasis, jild dêr't skreauwend ferlet fan
is om it oars te besteegjen. Hy is fan betinken dat it útstel
oanhâlden wurde moatte soe omt de wichtige ynformaasje fan'e
quick-scan net by de rie bekind is. It is him net krekt bekind
wat der allegear barre moat, wer it hinne sil en wêrfoar safolle
jild nedich is en dêrom sil hy tsjin stimme.
010IV