-22- Uteinlik is de kar fallen op in seal foar 300 minsken en in restaurant loskeppele fan'e Twine. In wichtige ôfwaging dêrta wie om sa min mooglik oerlêst foar'e omwenjenden te krijen. Fansels spylje ek finansjele aspekten in rol. Neidielen binne dat der gjin betingsten steld wurde kinne oangeande ûnder oare it tal kritejûnen. Se tinkt lykwols dat dat yn goed oerlis mei de behearder wol op te lossen is. Der is ien swierrichheid en dat is de ferkearssitewaasje. De omwenjenden binne bang dat se nochal wat oerlêst ûnderfine sille troch it autoferkear en se hawwe beswier tsjin de lûdsoerlêst. Foar dat leste is tinkt se de Hinderwet in foldwaande garânsje. Terjochte seit frou Van den Berg dat yn'e ôfdieling tasein is dat der wat oer de ynfrastruktuer yn it utstel opnommen wurde soe. Se tinkt dan benammen oan'e ôfwikkeling fan it autoferkear. It is wol hiel wichtich dat der no wat foar regele wurdt en dat dat yn it beslút stean moat. Dêrtroch kinne miskien de beswieren ynlutsen wurde. Mocht dat net sa wêze dan stiet de rie dochs fester yn'e skuon as der wat oer de ynfrastruktuer yn it utstel stiet. Se hopet dat der in oplossing komt en se hopet dat Grou ynkoarten gebrûk meitsje kin fan'e nije akkommodaasje. De hear Oosterhof seit dat hy him by de wurden fan'e foarige spreksters oanslute kin. Wat de ferkearssitewaasje oanbelanget soe de tafier fia Tjallinga gean kinne en de of fier fia de Burstermerdyk. Miskien is it wol better dat alle ferkear fia de Bustermerdyk giet. Hy fynt it wol spitich dat de behearskommisje fan'e Twine der net yn belutsen is. Frou Veldstra seit dat har fraksje him wol fine kin yn it útstel fan'e kommisje Seal 300. Dochs bliuwe der by har fraksje wol betinkingen oer it plak dêr't foar keazen is. It terrein foar Hergarden wie útlutsen omt, sa't har nei freegjen ferteld waard, der opsje is op dizze grûn. Wa en hoe koe net meidield wurde. Mar hoe kin de gemeente no opsje jaan op grün dy't hy net iens yn eigendom hat. Ek foar de omwenjenden soe de lokaasje foar Hergarden in better plak wêze sjoen de wenomjouwing en de ferkearsproblematyk. No't foar in plak tichteby De Twine keazen is sille beswieren net útbliuwe. It earste beswierskrift fan in bewenner fan Tjallinga is al binnen. Troch de noch mear beswierskriften dy't folgje en dy't seker de nedige tiid yn beslach nimme sille kin der miskien better útweken wurde nei in oare lokaasje. Har fraksje fynt wol dat Grou ferlet hat fan in grutte sealakkommodaasje. Dizze nije ûndernimmer kin hiel wat betsjutte foar de ferienings yn Grou mar ek foar de oaren dy't gebrûk meitsje sille fan'e seal. Der is tasein dat de gemeente yn'e grûnoankeap temjitte komme sil. Is dêr al mear oer bekind? En hoe sil de doelreserve bestege wurde, dy't hjirfoar bestimd wie. Wethâlder Nieuwdam seit dat it net sa faak foarkomt dat in gemeente ynspanning docht om sa te soargjen dat in mienskips- sintrum oerein komt. 010IV

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 24