-2-
De hear Breeuwsma seit dat de provinsje in ûndersyk dwaan litten
hat troch de Ryksuniversiteit Grins en de Hegere Lânbouskoalle.
De lênbouwrêld is dêr tige oer fernuvere, men hie ferwachte dat
de provinsje it LEI ynskeakele hie. Ut it ûndersyk is kommen dat
der yn Fryslên wol 40 ha beskikber wêze kin. Hy tinkt dat it LEI
wol mei hiele oare sifers kommen wie. Dat de provinsje no seit
dat dy 13.000 ha der wol wêze sil fynt hy in faai teken.
Wethouder Aukes zegt dat deze opmerkingen van de heer Breeuwsma
meegenomen zullen worden.
Punt 19:
Mevrouw Van den Be ra zegt dat het C.D.A. de zorg van de
Stichting Aldereinwurk deelt. Haar fractie zal hierop terugkomen
bij de begrotingsbehandeling en deelt nu alvast mee dat het
ouderenbeleid een prioriteit is niet alleen voor 1991 maar
structureel.
Frou Veldstra seit dat de Stichting Aldereinwurk spitigernôch
noch net folslein opnommen is yn it gemeentlik belied sa't út it
skriuwen bliken docht. De tasizzing út it kolleezje-program
stiet yn skril kontrast mei it befriezen fan'e útjeften no en
dat is net akseptabel. It entûsjasme fan dizze groep dy't drok
dwaande is mei in beliedsplan en in begrutting foar 1991 nimt sa
wol of. Eins soene wy grutsk wêze moatte op dizze groep minsken
dy't him ynset foar goed aldereinwurk. Sûnder de ferwachte
finansjele stipe hat harren wurk net folie besteansrjocht mear.
De F.N.P. trunet der op oan dat it kolleezje dit meinimme sil
yn'e ôfwaging om finansjele romte te kreëarjen yn'e begrutting
foar 1991. Har fraksje sil besykje by de begruttingsbehanneling
mei in útstel te kommen om it aldereinwurk it plak te jaan dat
it takomt.
Frou Faber seit dat by dit ynkommen stik stiet dat it behannele
wurde sil by de begrutting foar 1991. Har fraksje giet der fanút
dat as der ferwezen wurdt nei in oare gearkomste der no net in
réaksje jûn wurdt.
It wurdt no hoe langer hoe mear de gewoante dat net te dwaan en
it ûnderwurp om samar te sizzen twa kear te behanneljen. Sy
krijt der dochs wol muoite mei.
De voorzitter zegt dat er inderdaad nu geen aanleiding is,
gezien het voorstel, uitvoerig op de zaak in te gaan. Aan de
andere kant gaat het om een voorstel van het college en staat
het een ieder vrij een schot voor te boeg te geven. Het is
natuurlijk efficiënter dat het behandeld wordt als het totaal
overzien kan worden.
De hear Breeuwsma fynt it terjochte dat der fragen steld wurde
en opmerkingen makke oer dit útstel fan it kolleezje.
De voorzitter zegt dat er voorgesteld wordt het schrijven van de
Stichting Aldereinwurk te behandelen in het totale beeld van de
begroting.
0101V 2