-3-
Voor zover er nu over gesproken is is ook alleen verwezen naar
die behandeling bij de begroting. En het is niet efficiënt om te
zeggen dat er inderdaad bij de behandeling van de begroting over
gesproken zal worden.
Punt 24:
De hear Veldstra freget it kolleezje, sjoen de ynhâld fan it
brief mear te dwaan as it foar kundskip oannimmen. Yn it brief
wurdt wiisd op it miljeufreonlike bouwen om enerzjy, wetter en
grûnstoffen te sparjen. Dêrneist wurdt der omtinken frege foar
de ôffalproblematyk by de bou en by it slopen fan wenten. It is
hjoeddedei sa dat der wenten boud wurde dy't sa'n 2.000 m3 gas
brûke op jierbasis wylst it technysk hiel goed mooglik om dit
gasferbrûk werom te bringen ta 600 700 m3 it jier.
Sa ek wat de boumaterialen oanbelanget.
As elts dizze line folget hoecht miljeufreonliker bouwen net
djoerder te wezen. De gemeente kin der by it meitsjen fan
bestimmingsplannen rekken mei hélde as it giet om ljochtynfal en
sinnewaarmte yn'e wente. Lykwols bepaalt de opdrachtjouwer foar
in grut part hoe't der boud wurde sil en foarljochting oer
miljeufreonlik bouwen soe echt op syn plak wêze. It tefoaren
kommen fan fersmoarging is better as it opromjen.
Wethouder Aukes zegt dat het college de punten genoemd in het
schrijven van het Landelijk Milieu Overleg zeker zal meenemen in
de ontwikkelingen. Het is een goede zaak dat ook op het terrein
van de volkshuisvesting meer aandacht wordt gegeven aan het
omgaan met milieuvriendelijker materialen en afval. Er zijn vele
mogelijkheden om deze gedachten mee te nemen in het beleid onder
andere door in bestemmingsplannen rekening te houden met deze
aspecten. Waar het zich voordoet en waar het ook praktisch is
zullen de suggesties zeker worden meegenomen.
Punt 25:
Frou Veldstra seit dat bewenners en Pleatslik Belang fan Raerd
yn'e slach gean om grûn te ferkeapjen. De meiwurking moat fan'e
gemeente komme. Foar de simmerfakânsje soene de grûnpriizen
bekind wêze, dat is net slagge. De boargemaster hat lykwols
tasein dat de grûn bouwryp wêze sil yn'e maitiid fan 1991. Der
binne no 6 7 belangstellenden en dy soene graach yn'e hjerst
fan 1991 los wolle. Yn'e ofdieling fan 7 novimber lêstlyn wurdt
meidield dat der dúdlikens jûn wurde sil oer de grûnpriizen yn'e
maitiid fan takom jier en dat is fierstente let as men yn 1991
noch begjinne wol. Hja fersiket dêrom mei klam de kostpriis sa
gau mooglik bekind te meitsjen. Njonkelytsen wurdt it noch in
geunst om yn Raerd in hûs te bouwen. Har fraksje fynt in
komplement foar Pleatslik Belang Raerd wol op syn plak.
De hear Bethlehem seit dat hy yn wat frou Veldstra sein hat, wol
meigean kin. Hy wiist derop dat syn fraksje en ek de F.N.P. by
de begrutting hjir in fraach oer steld hawwe. Hy bringt ek it
lytse kearnenbelied nei foarren. Hy hopet by de begrutting op
geunstige berjochten foar Raerd.
0101V 3