-5-
De voorzitter zegt dat dat dan via een kettingbeding zou moeten
waardoor ook de rechtsopvolgers zich aan deze koppeling moeten
houden.
Vervolgens worden de mededelingen voor kennisgeving aangenomen.
4. Voorstel tot vaststelling van het rekening-courant krediet en
het machtigingsbesluit kortlopende financiering voor het iaar
1991,
Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform
het voorstel besloten.
5. Voorstel tot het machtigen van burgemeester en wethouders tot
het aangaan van vaste geldleningen.
Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform
het voorstel besloten.
6Voostel tot voorlopige vaststelling van de qemeenterekenina over
1989.
Frou Faber seit dat it in goede saak is dat de rekken fan 1989
seis al foar de begrutting foar 1991 behannele wurde kin. It
neidiel is faaks dat alle sifers noch net ferwurke binne, in
foardiel dat der al rekken halden wurde kin mei de sifers oer
1989. It is in grut bedrach dat úteinlik posityf is mar ek dêr
sitte twa kanten oan'e medalje. It is hiel aardich om in bedrach
te te skowen oan'e reserves sadat it doel fan oardel miljoen
yn'e algemiene reserve no al realisearre wurde kin. Oan'e oare
kant is it pynlik te konstatear jen dat yn'e maitiid hurde
maatregels nommen wurde moasten om'e begrutting foar 1989
slutend te krijen.
As de posten neirûn wurde is in protte wol te ferklearjen. Har
fraksje rint wol tsjin de hege post oangeande personielslêsten
oan, dy't 270.000,posityf is. Der moat yn'e takomst wol
besocht wurde de sifers sa reëel mooglik te krijen.
De rie hat, tinkt se, in protte oan it accountantsrapport. Tal
fan ferbetterpunten binne mei dudlike antwurden fan finânsjes al
oanjûn.
Se fynt it spitich dat yn dit útstel net neamd wurdt dat der
150.000,tafoege is oan ferskate reserves. By de taljochting
op it accountantsrapport wurdt dat wol wer dúdlik makke mar se
hie leaver sjoen dat it yn it útstel stien hie.
Se freget hoelang't der trochgien wurde sil mei it fergrutsjen
fan'e pot foar de glêdensbestriding. Der binne no ommers al in
pear sachte winters west.
Se fynt it ek spitich dat de ekstra ôfskriuwing fan'e kapitaals-
ut jef ten net ferwurde wurdt yn it riedsútstel.
Tal fan belêstingsopbringsten binne heger útfallen dan de
begrutting oanjoech. Se freget yn hoefiere hjir rekken mei
hâlden is yn'e begrutting foar 1991.
Troch it ôfskriuwen fan'e boekwearde fan de brêge oer de Rjochte
Grou ûntstiet der strukturele romte. Op de besteging fan de
romte komt it kolleezje yn desimber werom.
Se soe graach sjen dat dan ek de gefolgen foar de begrutting
1991 oangeande de belestingen/heffingen bekind binne.
Der stiet noch in post fan 117.000,foar de boaiemfer-
smoarging iepen dy't net ynfold is omt it kolleezje tinkt dat dy
kosten ferhelle wurde kinne en dat wachtet op de útspraak fan'e
Lânsadvokaat. It is út'e praktyk wol bekind dat soks dreech sit
en dat it wol jierren duorje kin foardat dy útspraak der is.
0101V 5