-6-
Soe it net better wêze dochs yn desimber dêrfoar in dekking oan
te jaan.
Yn 1991 sil in oanset jûn wurde ta in prestaasjebegrutting. Se
tinkt dat dat in hiele goede saak is omt de rie dan in better
oersjoch en kontrôle hat op'e doelmjittigens fan'e bedragen dy't
útjûn wurde. De jierrekkens krije dêrtroch folie mear
betsjutting.
Har fraksje kin ynstimme mei it útstel fan it kolleezje en
wachtet de útstellen oangeande de besteging fan 100.000,
foar útsteld belied mei spanning óf. Se seit dat it kolleezje-
wurkprogram derby fansels in goede help wêze kin.
De hear Breeuwsma fynt dat de rekken oer 1989 moai op'e tiid
klear is. It ferifikaasjeburo hat der hiel wat tiid oan bestege
en dat sil miskien no't we wat mear op streek binne yn'e takomst
wol wat minder wurde. It risseltaat fan'e rekken is goed al kin
dy pear persint dy't no oer binne ek gau omslaan yn in pear
persint tekoart. Hy soe it hiel goed fine dat de 105.000,
oerbleaun fan ûnder oare de ferkearsproblematyk by it kapitaal
dien wiene. Hy fynt it tige posityf dat de oardel miljoen as
algemiene reserve no helle is, al is dat eins ek it minimum
dêr't in gemeente oer beskikke moat as buffer. Hy soe it net
slim fine dat de reserve grutter wie want it kapitaal dat
dêrtroch ûntstiet kin de kommende jierren wer brûkt wurde. Wêrom
moat der dus direkt al in bestimming jûn wurde oan it
mearbedrach fan 327.000,It accountantsrapport jout oan dat
der in tekoart fan 117.000,ûntstien is yn de saak fan'e
boaiemfersmoarging. Hy fynt dat dy romte direkt ófdekt wurde
moat. Ek nei de provinsje ta soe dat tige goed wêze.
It ófboeken fan'e brêge oer de Rjochte Grou liket sa wol hiel
oantreklik mar hy tinkt dat it taskood wurde moat oan Biensma yn
earste ynstansje. Mei it op peil bringen fan'e LONDOnoarmen is
hy it folslein iens.
Frou Santerna seit dat frou Faber in hiel dúdlike útiensetting
jûn hat. De berjochten fan'e accountants wiene ek foar har
fraksje hiel dúdlik.
Se fynt it hiel posityf dat de jiersifers fan 1989 no al bekind
binne
Dat de algemiene reserve brocht is op oardel miljoen en dat der
ekstra jild nei de LONDOreserve ta gien is is in hiel goede
saak. Har fraksje fynt dat de brêge nei Biensma ta ófboekt wurde
moat op it grûnbedriuw, sadat de romte dy't dan ûntstiet brûkt
wurde kin foar it hegere bedrach dat nedich is foar de boaiem-
sanearring. Se freget noch of der op side 5 by de bystênsfer-
liening net in ferkeard sifer stiet.
De hear Van der Baan seit dat ek de F.N.P. it tige wurdearret
dat de rekken oer 1989 moai op'e tiid klear is.
Syn fraksje is it iens mei it C.D.A. oer de saken oangeande de
boaiemfersmoarging yn Jirnsum en de brêge nei Biensma ta.
0101V 6