-7- Wethâlder Bloem is bliid mei de ynstimmende réaksjes oer it feit dat de rekken no al klear is. Dat de rekken der no is jout ús de mooglikheid dat in sa goed mooglike begrutting foar 1991 makke wurde kin. Der wurdt besocht, benammen ek wat de personielslêsten oanbelanget, sa ticht mooglik by de wurklikheid te bliuwen. It rapport fan'e accountants jout yndied de mooglikheid saken fanút dy hoeke te besjen. Der binne saken dêr't it kolleezje it alhiel mei iens is en oare dêr't de accountants de finger op lizze. Dizze léste binne ek hiel dúdlik út te lizzen wêrom as it sa gien is. Finênsjes hat troch dat út te lizzen goed wurk dien. Se kin har yntinke dat frou Faber in opmerking makket oer it feit dat de tafoegings oan ferskate reserves net earder yn in riedsútstel ta utering kommen binne. Foar guon saken is it lestich om dat al earder te dwaan. De jierrekken is in hiel goed momint om dat soarte saken ris te ynventarisearjen. It kolleezje stelt út dat der dochs in tal jierren in reserve opboud wurdt foar de glêdensbestriding. Der kin ommers samar wer in strange winter komme. It is net de bedoeling om dêr troch de jierren hinne in soarte stille reserve fan op te bouwen. De kapitaals- útjeften dêr't frou Faber op tsjutte is wat deeglik troch de rie ta besluten. Mooglik folie de bedragen wol leger út. Ek no wurdt der útsteld in ton te besteegjen oan'e tekoarten dy't op'e LONDOnoarmen ûntsteane. It kolleezje tinkt dat oangeande de boaiemsanearring by de provinsje dit útstel hiel goed te ferdigenjen is, as yn desimber dêr noch in beslút oer nommen wurde sil. It is hiel goed dat de pot fan'e algemiene reserve oardel miljoen grut is. Ek mei de ton foar de tekoarten op'e LONDO binne de réaksjes posityf. De brêge oer de Rjochte Grou is net nei Biensma skood om't yn'e eksploitaasje fan dat bedriuwenterrein dêr gjin rekken mei halden is. Se riedt dat ek no ôf. Ek it skowen nei it grûn- bedriuw riedt sy, sjoen it folgjende punt op de wurklist, of. It grûnbedriuw moat hiel hoeden mei omgien wurde. Ek al hoe sympatyk sy tsjin it útstel oer stiet om mei dat jild de 117.000,óf te dekken. Se stelt út om dochs it kolleezjeútstel fan desimber of te wachtsjen. Dan noch de 105.000,fan Jirnsum. Dat bedrach hat te krijen mei it ûnderhâldsfûnsDe rinte is byskreaun by it gehiel. Se tinkt dat it in goede saak is dit op dizze wize of te wurkjen. Frou Faber betanket de wethêlder foar de dúdlike antwurden. Se hat noch gjin antwurd krigen op har fraach oangeande it heger útfallen fan'e opbringsten fan'e belestingen. Yn hoefiere is dat al yn'e begrutting foar 1991 opnommen. Se kin de wethêlder wol begripe dat dy de brêge oer de Rjochte Grou net ôfskowe wol op de eksploitaasje fan Biensma as it grûnbedriuw. Se wol yn elts gefal wachtsje oant desimber om dan te bepalen of de strukturele romte ek wier opbrûkt wurde sil. 0101V 7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 9