-8- In hun begroting van 1990 was een post opgegnomen van 40.000, voor woningonderzoek onder ouderen. Deze post is destijds geschrapt met het motief dat er in 1990 een breed opgezet woning- onderzoek in de gemeente zou komen. Zij citeert de brief aan de raad van 7 december 1989 waarin staat dat de gemeente zelf plannen heeft om te komen tot een volkshuisvestingsbeleid. Een woningbehoefte-onderzoek zou hieraan ten grondslag liggen, waarvan ouderenhuisvesting een belangrijk onderdeel zal uitmaken. En nu scheept het college de stichting af met 40.000,voor het woningbehoefte-onderzoek. Haar fractie stelt daarom voor 50.000,voor 1991 te geven en daarna zal er structureel een bedrag op de begroting moeten komen. Frou Faber kin har echt net fine yn'e miening fan it C.D.A. dat der samar wat út de losse hân dien wurdt. By de begruttingen fan 1989 en 1990 is der faak nee sein. No't de reserve op peil is en der gjin grutte tsjinfallers mear te ferwachtsjen binne is der neffens har neat op tsjin om ienmalige bydragen beskikber te stellen dy't toetst binne oan it kolleezjewurkprogramma. Se wol graach in tasizzing om yn'e ôfdieling ris op in rychje te setten wat der krekt dien wurdt mei wat foarûndersiken oangeande ûnder oaren it wente-ûndersyk foar de âlderein. Mei it bedrach foar it roaien fan beamstobben giet har fraksje akkoart. By de promoasjefilm hat sy noch har twifels. Se wol har wol graach oanslute by in útstel mar se wit noch net dúdlik hoe't fanút de oare fraksjes der eins krekt toch wurdt. De hear SBouma kin him oanslute by itjinge frou Faber sein hat oer de hâlding fan it C.D.A. De winsken wiene bekind en der is romte fandêr dat syn fraksje it útstel fan it kolleezje stypje kin. it is wol hiel wichtich dat der jild kommt foar it lytse kearnenbelied. De promoasjefilm liket him in goede saak ek foar de wurkgelegenheid. It is fia de video fansels ek mooglik noch faak nei de promoasjefilm te sjen. De hear Bethlehem seit dat der wol heech opjûn wurdt fan'e promoas jefilm. Hy hat de film oer Dongeradiel sjoen en der wie fierwie it measte te sjen oer Dokkum, de rest waard ofdien mei in pear flitsen. Dat wie dus dúdlik net in film oer de hiele gemeente. Hy wit noch wol in adres yn Fryslân dy't dat hiel wat better kin. Mei 40.000,kin de stichting allinnich mar it wente-ûndersyk dwaan. Der is nochal wat betizing ûntstien oer de fraach werom as it wente-ûndersyk noch net dien is. It is wol bekend dat gemeente, wentebouferiening en de stichting dat meielkoar dwaan soene en dat is net slagge. Dêrom komt it der op del dat de stichting ôfskepe wurdt mei dizze 40.000,

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 10