-9- De stichting hie by de start in begrutting fan 135.000, Dy begrutting is noch nea takind. En no't de stichting wat taskood krijt wurdt der ek noch byferteld wat der mei dien wurde moat. Frou Veldstra seit dat as foar it wenteûndersyk nedich is 30.000,trochdat "de stichting Alderein" 10.000, bydraagt fan'e begrutting fan 143.200,ôflutsen wurdt der 113.200,oerbliuwt. As de 60.000,dy't har fraksje taskikke wol by it hjoeddeistige bedrach fan 54.400,dien wurdt sitte we moai op it bedrach fan'e begrutting. Se bliuwt derom by har útstel. De voorzitter schorst om 20.50 uur de vergadering. Hij heropent de vergadering om 21.05 uur. Wethalder Bloem seit dat de punten 1 oantemei 10 dúdlik punten binne dy't yn de rin fan it jier lizzen bleaun binne en dy't mei in ienmalige bydrage aardich op streek holpen wurde kinne. Der leit ek wol in dúdlik ferbân mei it kolleezjewurkprogramma en mei earder fêststeld belied. Yn dy sin tinkt sy ek net dat der ferrassingen by binne. Se is it net iens mei de hear Breeuwsma dat de gemeente fâld is oer de stichting Aldereinwurk. As de gemeente in ynstelling subsidiearret wurdt wol oanjûn wat mei dat jild dien wurde moat. Dat hat dan te krijen mei de ferantwurdlikheid fan'e gemeente foar it mienskipsjild. Yn'e ofdieling is sein dat der mooglikheden binne om ûndersiken te kombinearjen. De reden dat it kolleezje sein hat dat de 40.000,bestimd wurde moet foar it wenteûndersyk hat te krijen mei de kater dy't it kolleezje oerhâlden hat fan'e eardere behanneling fan dit ûnderdiel. It kolleezje komt dêrom mei in feroare útstel. Fan de 40.000,moat yn elts gefal 20.000,brûkt wurde om yn gearwurking mei Lytse Kearnen en it ûndersyk nei it weromrinnen fan ynwenners in ûndersyk op te starten. De rest is dan foar ynsidentele saken foar it jier 1991. Yn 1991 sil dúdlik wurde moatte op hokker wize en mei hokker omfang de stichting struktureel stipe wurde sil. De voorzitter zegt dat er wellicht wel andere adressen zijn waar een promotiefilm gemaakt kan worden maar dat is zeker niet mogelijk voor 30.000,en die film zal dan ook niet op t.v. uitgezonden worden. Dan kan tot stemming over worden gegaan. De hear Breeuwsma seit dat it C.D.A. it útstel fan'e F.N.P. stipet om de alderein 60.000,te jaan. Dan noch 10.000, foar it museumbelied en 10.000,foar de Boarnsterstim. De rest fan it jild wurdt achterúthâlden en der kin dan it alder einwurk struktureel fan betelle wurde. De hear Bethlehem stelt út de promoasjefilm net trochgean te litten en letter ris in goeienien te meitsjen, it aldereinwurk 50.000,te jaan en de rest fan'e ton te parkearen. 0105V 9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 11