-2- De hear Renia herhellet yn't koart syn betooch fan'e foarige kear De mearderheid fan syn fraksje is net foar in autobrêge om reden fan twa saken. Yn't foarste plak om reden fan it hâlden fan in rjochte line yn it belied fan'e gemeente. Doet de âlde brêge derút helle waard wie by allegear de gedachte dat der in fyts/ fuotgongersbrêge foar yn't plak komme soe. Dêrtroch soe de Stasjonswei ûntlêste wurde en dêrfoar hat de provinsje in miljoen jûn. Op basis fan dizze feiten binne der oan bedriuwen stikken yndustryterrein ferkocht. Hy is it mei de hear Breeuwsma iens dat de gemeente ek nei dizze nije bedriuwen ta in swalkjend belied fiert. As twadde argumint neamt hy it folgjende. De autobrêge soe kinne as net dizze gemeente al in jier as wat sit mei saken dy't net kinne omt der gjin jild foar is. Dan kin der net samar in heal miljoen ekstra foar in autobrêge útlutsen wurde. Ek dat soe gjin konsistint belied wêze. De ôfwaging is dan oft de lést fan'e minsken achter de brêge opweaget tsjin sa'n grutte útjefte en it belied dat earder opsetten is. De mearderheid fan syn fraksje komt ta de konklúzje dat dien wurde moat wat ûnthjitten is en dat is in fytsbrêge yn'e Rjochte Grou. De hear Van der Baan seit dat de oplossing dy't keazen it fan it omriden om it yndustryterrein hinne net in goede en feilige is. In protte lju hawwe net yn'e gaten dat der bygelyks om in bern nei skoalle ta te bringen jierliks 2.400 km omriden wurde moat. Hy hat der altiten op foarstien dat Grou in sintrumfunksje hawwe moat en dat komt no dúdlik yn'e geding. Ut'e brieven út Idaerd, Warten en Wergea docht ek bliken dat de minsken der foar kieze earne oars hinne te gean. As we ek noch wolle dat Yn'e Lij te ta ûntjouwing komt dan docht it wol frjemd oan en lit de rekreanten 3 km omride wylst altiten fûn is dat Yn'e Lij te al sa'n ein fan Grou leiEk de horeka makket beswier en hy kin him dat goed yntinke In sterk argumint is ek dat we op den doer dochs net ûntkomme oan in autobrêge en dan wurdt der no 4 ton foar in fytsbrêge foar neat útjûn. Syn fraksje hat in brief stjoerd om de brêge automatyk te meitsjen. Dêryn wurdt de oanrekkomedaasje dien oan it kolleezje om de mooglikheden te besjen. Der binne provinsjes dy't fan it automatysk meitsjen in punt fan belied meitsje. De hear Oosterhof seit dat wat de hear Van der Baan sein hat wol dúdlik is. Hy wol reagearre op wat de hear Breeuwsma sein hat. Neffens him hat de hichte fan'e brêge (3.30 m) net ter diskusje stien. De gemeente kin der net ûnderút. Syn fraksje stiet, ek sjoen de folie brieven foar in autobrêge op it stânpunt dat de autobrêge der komme moat.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 26