-5- De evaluaasje ten oansjen fan'e Houtwurkpleats hat noch net plak fûn. Dat komt ûnder oaren omt der mutaasjes yn it bestjoer west hawwe wêrtroch in bepaalde kontinuïteit net helle wurde koe. Der sil yn'e 3e ôfdieling praten wurde oer hoe no fierder mei de Houtwurkpleats Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 18. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een subsidie voor maaltiidvoorziening door de Stichting Wolwêzen Alderein Menameradiel Frou Veldstra seit dat yn ús gemeente hast 70 minsken gebrûk- meitsje fan it wurk fan dizze stichting. De gemiddelde leef tijd is 79 jier. De Stichting Aldereinwurk is drok dwaande om ynsjoch te krijen yn hoe't yn'e takomst de waarmiten-foarsjenning yn eigen behear dien wurde kin. De útslach is noch net bekind omt de stichting gjin finansjele middels hie om it ûndersyk ôf te meitsjen. De F.N.P. fynt dat der foar 1991 1.25 subsydzje it miel jûn wurde moat. It tekoart soe miskien yn oerlis mei de Stichting út'e begrutting fan it Aldereinwurk komme kinne. Foar 1992 soe de stichting Aldereinwurk dan mei in nije opset komme kinne. Se freget oft dit punt eins net yn'e ôfdieling op'e wurklist stean moatten hie. De hear Renia seit dat it hiel logysk lykje soe dat syn fraksje sizze soe dat de gemeente dat kwarts je ekstra mar betel je moat. It is al sa'n djoer miel foar de alde minsken. Der sit'm no krekt de oast werom as syn fraksje wol akkoart giet mei it útstel. Hy fynt dat der hiel wat oars barre moat. Binnen ús gemeente kin der best wol in mooglikheid wêze om foar minder jild in like goede foarsjenning te hawwen as dizze. Yn Aldeboarn kin it al foar ƒ5,6,op basis fan frij- willigerswurk. Yn dit jier moat besjoen wurde hoe't dizze taak goedkeaper oppakt wurde kin. Mevrouw Van den Berg vraagt wie er nu voor het verschil opdraait. Volgens haar kan de Stichting Aldereinwurk dat niet betalen. Is dit niet het begin dat deze voorziening in gevaar komt. Frou Santema ûnderskriuwt de wurden fan de hear Renia. Sy fynt ek dat it mei frijwilligers sa as yn Aldeboarn goedkeaper kin. Wethâlder Bloem seit dat it yndied ta in meidieling yn'e ôfdieling beheind bleaun is omt it mar foar ien jier jildt en omdat der gauris besjoen wurde moat oft dit wurk ek op in oare wize organisearre wurde kin. Wat dat oanbelanget is hyltiten de line fan 1,it miel oanhalden. De Stichting Wolwêzen Alderein Menameradiel hat nea merke litten dat sy it net mear betelje kinne. 0105V 29

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 29