It Frysk moat in kwaliteitseask wêze. Ek de provinsje hat al de nedige middels útlutsen om in kursus en materiaal foar twata- ligens yn'e berne-opfang ûntwikkelje te litten. It útstel fan har fraksje is om oan de feroardening ta te heakjen by Haadstik 1, kêst 1, algemiene bepalingen by de begripsomskriuwing funksjonaris"Het personeel dient bij tweetalige groepen de beide rijkstalen gelijkwaardig te gebruiken". By Haadstik 2, kêst 17: "Tevens dienen de functionarissen de beide rijkstalen zowel passief als actief te beheersen". Yn'e twadde ôfdieling fan desimber hat sy dit ek oanjûn. De foarsitter wie doe fan miening dit oer te litten oan bestjoer, lieding en âlders. Neffens har is dat te frijbliuwend en komt der neat fan op'e hispel. Wat de pjutteboarterssealen oanbelanget tinkt har fraksje dat de tiid noch net ryp is om dy yn dizze feroardening op te nimmen. Alle pjutteboarterssealen binne hjir noch net fan op'e hichte brocht. De feroardening is wol oan'e oarder west op'e federaasje- gearkomste dy't lykwols noch net offisjeel oprjochte is en dêr't ek net alle tsien pjutteboartersealen yn fertsjintwurdige binne. Se tinkt dat se troch dizze feroardening yn grutte finansjele swierrichheden komme sille. Under oaren de kosten fan húsfêsting en de leanen kinne fan grutte ynfloed wêze op harren budzjet. Salang der noch net bekind is hokker gefolgen dit meibringt is it fan grut belang de pjutteboarterssealen noch net op te nimmen yn'e feroardening. Har is eins net dúdlik wat it kolleezje no útsteld. Yn kêst 29 fan'e feroardening stiet: "Zulks met uitzondering van de bepalingen ten aanzien van de peuterspeel zalen" Yn it riedsbeslút, punt 2, stiet dat de kwaliteitseasken fa- searre tapast wurde sille. Oan hokker termyn tinkt it kolleezje dan? Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie van mening is dat de verordening alleen van toepassing dient te zijn voor de kinderopvang. Wat betreft de peuterspeelzalen en alle conseguenties van dien moet dat nog eens nader bekeken worden. Haar fractie steunt het voorstel van de F.N.P. betreffende de tweetaligheid omdat het C.D.A. voor tweetaligheid is. Het opvangen in de moedertaal impliceert dat ook andere talen dan Nederlands en Fries mogelijk zijn. Zij hoopt dat het aan te trekken personeel daar flexibel en positief mee weet om te gaan. Frou Santema fynt dat it útstel fan'e F.N.P. te fier giet. Har fraksje fynt it wichtich dat bern yn harren memmetaal opfongen wurde, mar om dêr fuortendaliks oan te keppeljen dat de funksjonaris de beide rykstalen passyf en aktyf behearskje moat soe meitsje dat gâns minsken útsluten wurde. Fierder soe sy wolle dat de pjutteboartersplakken loskeppele wurde en dat dy in eigen feroardening krije. No de pjutte boartersplakken direkt meinimme kin net wiermakke wurde sjoen under oaren it finansjele plaatsje dat dêr oan fêst sit.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 31