-7- 5. Voorstel tot aankoop van een tweetal loodsen voor de huisvesting van het brandweermateriaal in Akkrum. De hear Veldstra seit dat der dan no nei in hiel lange foarskiednis in beslút nommen wurde kin 150.000,-- is in protte jild mar oare oplossingen soene noch mear kostje. Boppedat is dizze lokaasje hiel gaadlik. Ek sil no it bedriuw fan Fennema ferpleatst wurde. Foar it materiaal is der in mearjierrenraming mar net foar de gebouwen. Hy freget der omtinken foar ek foar de gebouwen in mearjierrenraming te meitsjen. De hear Breeuwsma fynt dit útstel in goede saak. Wat it plak oanbelanget is it ek in goede oplossing. Wat him opfalt is dat de 15.000,út ûnfoarsjoen komt. Hy fynt dat der no't 1991 krekt begûn is hoeden omgien wurde moat mei de post ûnfoarsjoen. Hy fynt dat der in oare dekking fûn wurde moat. De hear S. Bouma seit dat syn fraksje it útstel stipet. De hear Van der Baan tocht earst ek dat 150.000,-- wol in slompe jild is mar nijbou kostet noch folie mear. It is ferstannich no troch te pakken. Mei de finansiering is syn fraksje ek net sa gelokkich. Itjinge it CDA sein hat moat wol besjoen wurde. Wethâlder Bloem seit dat de ynvestearring ienmalich op kosten brocht wurdt fan it eigen kapitaal. Der sil dus ienmalich socht wurde moatte nei in dekking foar it ferlies oan rinte. Dus de 15.000,wurdt oare jierren net wer opfierd. De voorzitter constateert dat we in Akkrum altijd bijzonder verwend zijn geweest. Tot nu toe was de loodshuur 2.400,per jaar. Dan is 150.000,een hele boel geld. Gerelateerd aan nieuwbouw valt het echter weer mee. Een meerjarenraming voor gebouwen is niet nodig omdat de gebouwen deel uitmaken van het eigen kapitaal. De verbouwing betreft toch een kapitaalsinvestering en moet ook als zodanig behandeld worden. De post onvoorzien is juist bestemd voor dit soort inverstoringen. Er is al wel jaren over een oplossing gepraat maar tot nu toe kon die nooit concreet gemaakt worden. De hear Breeuwsma is it wol mei de oankeap iens mar net mei de finansiering. As it moat yn ien kear ôfskreaun wurde as der moat net al yn jannewaris mei ûnfoarsjoen begûn wurde. De hear Veldstra freget hoe't it mei de gebouwensitewaasje stiet. Hoelang kinne we foarút foardat der wer nije ynvestearrings dien wurde moatte. Wethâlder Bloem tinkt dat it giet om in kar hokker finansierring tapast wurde sil. Se wol de achtergrûn fan dy kar noch wol yn'e 2e ôfdieling taljochtsje.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 45