-12- De famylje Bakker hat hyltiten tocht dat it wol goed komme soe. No is it safier dat it bestimmingsplan fêststeld wurde moat en no sit de famylje Bakker dochs hiel bot yn'e problemen. Dat de hear Bakker in ünbehaachlik gefoel hat kin hy him wol yntinke. Hy stelt út dat der nochris mei de famylje Bakker praten wurdt oer dizze hiele saak. It is no sa ticht nei it begraafplak taskood dat de grûn fan'e famylje Bakker krekt net oankocht hoecht te wurden. De grêft om it begraafplak wurdt hast foar de helte smeller makke. Hy fynt dat der nochris oerwûgen wurde moat oft der ek oare mooglikheden binne. It is wol ferfelend dat alle ferkear fan'e Birstumerdyk no de Boarnsterdyk wer del moat. Troch it ferkear de tunnel lans nei de westlike kant fan'e Rykswei te bringen kin de Boarnsterdyk noch ûntleste wurde. Der sil dan wol hiel bot oan lutsen wurde moatte. Hy fynt dat dêr wol mei oan'e gong gien wurde moat, it kin no noch. De hear Van der Baan seit dat hy him goed fine kin yn'e plannen. Foar Akkrum biedt it in goede oplossing. Hy sit der wol mei dat troch dizze oplossing de hear Bakker it slachtoffer wurdt. Hy tinkt dat as in oerheid taseit dat der oerlis wêze sil en de famylje Bakker hat ferskate kearen besocht dat te krijen en it slagget net dan is dat hielendal mis. Hy is it der mei iens dat der in befredigjende oplossing foar de famylje Bakker fûn wurde moat. Wat de Boarnsterdyk oanbelanget hat syn fraksje in oare miening. It giet him te fier om te sizzen dat de oansluting tusken T35 en Boarnsterdyk der net komme moat. Hy is bang dat in part fan it lânbouferkear op'e paralleldyk komt en dat sil ferkearstechnysk grutte problemen jaan. Sa't it no útfierd wurdt kin ek net it slûpferkear tefoaren komme wurde. Al mei al tinkt hy dat as der goede ferkearsremjende maatregels komme tusken de Nesserwei en de Mienewei dat in goede oplossing wêse kin. Hy wol graach witte oft der in mooglikheid is dat de dyk troch de tunnel giet sadat dy oan'e westkant fan'e rykswei útkomt. Hy wol witte oft dat reëel is, hoe't Rykswettersteat dêroer tinkt en wat dat kostet. De hear Oosterhof is it der mei iens dat de kontakten mei de hear Bakker ûnfoldwaande west binne. It is miskien in oplossing dat it bedriuw fan de hear Bakker saneard wurdt. Hy giet der foar yn'e pleit dat der troch it akwadukt in ekstra buis giet sadat it ferkear op'e westkant fan'e Rykswei útkomt. It lânbouferkear tsjintwurdich is frij heech. De trochgong fan it fiadukt is 3.30 m. Wurdt it ek mooglik dat it ferkear rjochting Terherne fia de T35 op'e Feansterdyk komt. Syn fraksje giet fierders akkoart mei it útstel. Wethouder Aukes constateert dat de raad met genoegen kennis neemt van de afwikkeling van de procedure met betrekking tot de verdubbeling van de rijksweg. Het is een goede ontwikkeling, de vernieuwde rijksweg vormt een belangrijke schakel in de noord-zuidverbinding.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 50